Loading...

De wearde fan TRYTHIS?! - Myrthe IJbema

20 06 2017
TRYTHIS Myrthe IJbema - foto Ruben van Vliet

MYRTHE IJBEMA

‘Ik tocht: ja, dat wol ik!’

It begûn mei it organisearjen fan ien edysje fan TRYTHIS?! Dat waarden der twa. Underwilens docht se frijwilligerswurk achter de bar en sil se kommend jier staazje rinne by de iepening fan Kulturele Haadstêd 2018. Myrthe IJbema krijt mar net genôch fan Tryater.

Hoe bist by TRYTHIS?! telâne kommen?
‘Yn it earste jier fan myn stúdzje Leisure Management ha we by Tryater in workshop dien. Doe sei ik fuort: kin ik hjir ek staazje rinne? Yn it twadde jier moasten we yn groepkes in projekt dwaan by in bedriuw en dêr siet TRYTHIS?! ek by. Ik tocht: ja, dat wol ik!

Ik ha it altyd leuk fûn om mei teater dwaande te wêzen. Net om te spyljen, mar alles wat der by sjen komt. It wie ek fijn dat we hjir yn it gebou wurkje koenen. Klasgenoaten sieten foar har projekten yn De Kânselarij te wurkjen en net by de bedriuwen sels. Trochdat wy yn it Tryatergebou sieten, fielden we ús fuort belutsen en ûnderdiel fan de organisaasje.’

Wat wie dyn taak binnen TRYTHIS?!
‘We dienen alles binnen ús groep hiel bot mei elkoar. Ik die dus fan alles wat: it werven fan minsken, social media, de marketing en de produksje.’

Hoe is it dy fergien?
‘Goed. Ik fûn it foaral hiel leuk datst alles meikrijst. Troch it projekt learden we yn it lyts alle funksjes kennen dy’t binnen in selskip as Tryater binne. Dat hat my hiel bot holpen om te ûntdekken wat ik wol. Ik tocht altyd dat ik de marketingkant op woe, mar ik ha ûntdutsen dat der noch folle mear is as dat. By marketing sitst bêst in soad op kantoar en bist dwaande mei berjochten skriuwe foar de webside en op Facebook. By de produksje bist folle mear saken oan it regeljen. Ik ha ûntdutsen dat dit better by my past.’

Hoe komt it datsto hjir sa ‘plakken’ bliuwst?
‘Ik wol graach belutsen bliuwe binnen it bedriuw. En it is ek wol de sfear. It is hjir net hiel grut en elkenien is benijd nei dy. Sa fan: ‘Hee bist der wer! Wat leuk datst hjir no achter de bar stiest!’ Hast it gefoel dat elkenien dy ken. Net datst samar ien bist dy’t allinne ‘eefkes’ TRYTHIS?! docht. Al bist der mar ien dei yn de wike, dochs hearst der gewoan by.’

Wat tinkst dat de spilers fan TRYTHIS?! sa leuk fine oan it projekt?
‘Se hienen it mei elkoar hiel leuk, foel my op. Dat it goed mei de groep klikte, wie hiel motivearjend. Fierder sochten de dielnimmers echt in plak om spylje te kinnen. Yn Ljouwert is net folle foar studinten op it mêd fan teater, dus dêr seagen se echt nei út. Foar de jongeren dy’t bygelyks Docent Theater studearren en meidienen wie it projekt ek echt in ynspiraasje foar wat se sels dwaan kinne soenen.’

Tinkst dat it ek ynfloed hat dat der bêst wol autobiografysk wurke wurdt?
‘Dat fyn ik lestich om wat oer te sizzen. Ik tink dat it hiel bot fan it keazen tema ôfhinget. Datst tinkst: dát tema sprekt my echt oan, dêr kin ik wat mei. It foel my krekt op dat it tema amper ynfloed op de minsken hie. Se woenen gewoan graach spylje en dêrom joegen se har op foar it projekt.’

Wat is foar dy it TRYTHIS?!-gefoel?
‘Ik tink dat elkenien elkoar akseptearret. Ek al binne it soms hiel ferskillende types. Der ûntstiet in iepen sfear en it is gewoan gesellich en leuk.’

 

MARIT DE WEERD

Nijs

08 11 2023

Slagge presintaasjedei Tryater, Het Houten Huis en Peergroup

Op moandei 6 novimber 2023 wie alwer de tredde edysje fan de presintaasjedei foar it primêr ûnderwiis: “Een sterk staaltje…

01 11 2023

Waarmrinne foar Foekje Dillema

We meitsje plannen foar in reizgjende teäterfoarstelling oer atlete Foekje Dillema út Boerum. Hja makke yn ‘e jierren ’50 namme…

25 10 2023

TRYATER SIKET : PRODUKSJEMEIWURKER TAGONKLIKHEID (PROJEKTBASIS)

Tryater wol gastfrij en foar elkenien wêze en sette al grutte stappen om de foarstellingen foar minsken mei in fysike,…

09 10 2023

Recensie: Sa lang as wy blaze: alle emoasjes - Leeuwarder Courant

In gewoane repetysjejûn foar fanfare Wilhelmina Easterein. Dat is it unike dekôr foar de premjêre fanYnblaze, it earste diel fan…

09 10 2023

RECENSIE: BRECHT WASSENAAR SOLEERT OP INDRUKWEKKENDE WIJZE IN 'YNBLAZE' - FRIESCH DAGBLAD

,,Er is er één bij die zestig kilometer moet rijden om hier te komen spelen, bij deze fanfare. Altijd op…

05 10 2023

Jeugdteäterfestival Het Avontuur 2023 | 26 & 27 OKT DE EIK WAS HIER (6+)

Om’t it in grut sukses wie, komt jeugdteäterfestival Het Avontuur dizze hjerstfakânsje werom nei De Harmonie! Fan 26 o/m 29…

04 10 2023

Tryater siket sprekkers fan Fryske taalfarianten

Foar in communityprojekt oer taal siket Tryater minsken fan ferskaat plûmaazje dy’t in Fryske streektaal behearskje en dêr fan jannewaris…

18 09 2023

Oer in pear wiken spilet ús suksesfolle jongerefoarstelling Flam (14+) wer!  

Flam is in oangripende klassefoarstelling oer leafde en freonskip, en alles dêr tuskenyn. In foarstelling dy’t oer pine oan dyn hert,…

14 09 2023

Oprop: TRYATER SIKET SKRIUWERS 

Fan oktober oant en mei desimber giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze.  In unike gearwurking…

27 07 2023

Wolkom by Uit in Huis

Sneon 9 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije seizoen mei it evenemint Uit in Huis. Fansels docht…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado