De wearde fan TRYTHIS?! - Marieke Leerink
19 06 2017MARIEKE LEERINK:
‘Myn hiele famylje is sa’n bytsje foarbykommen.’
Fiif kear op rige die Marieke Leerink mei oan TRYTHIS?! By de sande edysje is se der net by ‘it wurdt no tiid om ôf te studearjen.’ Eins wie it hielendal net de bedoeling om sa faak mei te dwaan. ‘Alle kearen sei ik tsjin mysels: dit is echt de lêste kear.’
En dochs kaam se alle kearen wer werom. Wêrom? ‘Alle jûnen kaam ik entûsjast thús en mei in hiele hoop ynspiraasje.’ Dat it projekt koart is en datst it maklik tuskentroch dwaan kinst fynt se ek fijn.
De ynspiraasje dy’t se kear op kear by TRYTHIS?! krige, brûkt se noch hieltyd yn har eigen lessen. ‘Ik sit no yn it lêste jier fan de PABO. By de TRYTHIS?!-workshops ha ik in soad dingen dien dy’t ik ek yn myn lessen brûke kin. Skriuwopdrachten, gekke spultsjes, coaching foar by myn eigen dramalessen, neam mar op.’
TRYTHIS?! brocht har ek út har eigen feilige omjouwing. ‘Moetest nij minsken, dy’t allegear ynteresse ha yn toanielspylje en teater. Dat hast mei elkoar mienskiplik. As der ien is dy’t it dochs net leuk fynt, dan is dat ek goed.’ Wat se noch mear moai fynt oan TRYTHIS?! is ‘dat alles kin. Neat is te gek. Ek fysyk spul mei dy oant dan ta ûnbekende minsken, it kin gewoan.’
Troch har mem, dy’t CKV-dosinte is, kaam se al betiid yn de kunde mei teater en ek mei Tryater sels. Har mem naam har mei nei foarstellingen. Doe’t se lêsten hearde dat Eelco (ien fan de teatermakkers fan it projekt) yn Ronja de Roversdochter fan Tryater spile hie, woe se dat hast net leauwe. ‘Dat stik ha ik as bern sjoen! Ik fûn dat doe sa geweldich, en dan is hy dan ynienen myn regisseur.’
Se is niet jaloersk op de regisseurs fan TRYTHIS?!, dy’t altyd trochtinke op it materiaal fan de spilers. ‘Bist by dy repetysjejûnen safolle oan it meitsjen en spyljen. Dan tink ik: wat sil dit wurde? En dan ynienen, op de lêste jûn, leit der in skript.’
Yn TRYTHIS?! wurdt wurke mei persoanlik materiaal. De spilers ferbine har oan it tema fan in besteande foarstelling. De mem fan Marieke hat harsels dan ek geregeld weromsjoen yn de presintaasjes. ‘Sterker noch,’ seit se laitsjend, ‘myn hiele famylje is sa’n bytsje foarby kommen.’ Foar de tredde edysje fan TRYTHIS?! makke se in sêne oer de kreativiteit fan har famylje en hoe frustrearjend oft se it fûn dat se sels sa min mei de hannen is. Yn TRYTHIS?! 6.0 lies se fan in lange behangrol foar watfoar easken oft se oan har takomstige leafde stelt. Al it materiaal dat se ynbringt, is in knypeach nei har eigen libben. ‘It is altyd ludyk. Ik fergrutsje ek graach myn eigen ûnhandichheid en naïviteit út. En we meitsje it sa dat myn famyljeleden anonym bliuwe. Dêrby, ik fertel wat ik sels fertelle wol. As ik wat net brûke wol, hoecht dat ek hielendal net, makkest sels dyn grins út en bringst yn watst sels wolst.’
Wat neffens Marieke perfoarst net oan it konsept feroarje mei, is it diner op de earste presintaasjejûn. ‘It mei elkoar ite makket it ekstra gesellich. Dat nûget ek út ta petearen en dy gesellichheid makket ek datst weromkomst.’
RAYMOND MULLER