'BINGO!' TAMARA SCHOPPERT SPILET 'HYPERREALISTYSK' STIK MEI BINGOKAARTSJES EN AL.
18 01 2023Soms ha minsken net iens troch dat Tamara Schoppert toaniel spilet, yn Bingo! ,,Dat is in goed teken.” Dizze foarstelling oer earmoede, skamte en grutskens giet no yn it Frysk.
Tamara Schoppert en ik treffe inoar yn it gebou fan Tryater. Want Bingo! , de nije, Frysktalige fersy teminsten, valt ûnder dat selskip. It wie earst yn it Nederlânsk, troch Schoppert har eigen klupke: Ploech en eide.. Herman van de Wijdeven is de skriuwer.
,,Mar wy seine al hiel gau: dit soene wy ek yn it Frysk spylje moatte.”
Dat komt troch de foarm fan it stik, en ek troch de funksje. De foarm is dy fan in bingo-middei. Tamara Schoppert, de iennige spylster, is de frou, Tine, dy’t de nûmers lûkt. In personaazje dus. Dy’t tagelyk in ferhaal fertelt: dat fan har mem, dy’t it folle earmer hân hat as se tocht, mar der net oer prate woe. Ut skamte, út grutskens.
De taskôgers sitte oan de bingotafel, kaartsje derby, en it is de bedoeling dat der nei de tiid in petear op gong komt. Oer skamte, oer grutskens, oer earmoede. ,,Mar wolst dat petear op gong krije, wolst sa tichtby mooglik komme, dan is it hiel moai dat minsken harren eigen taal prate kinne.”
~ Lees het gehele artikel hier
~ Tekst: Leeuwarder Courant, Jacob Haagsma
~ Foto: Ruben van Vliet