Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Aukje hat har heity fûn foar foarstelling Part-Time Paradise

09 05 2019

Foar in rol yn de Oerolfoarstelling Part-Time Paradise, in koproduksje fan teaterkollektyf SKOFT&SKIEP en Tryater, sochten wy in heit foar Aukje Schaafsma, dy’t yn de foarstelling de rol fan ‘Kirsten’ spilet. Nei in oprop op sosjale media, dêr’t mar leafst 40 reaksjes op kamen, is/binne dy fûn! Harry Bos en Epko Dalstra sille stilswijend skitterje as de heit fan Kirsten yn Part-Time Paradise op it Oerolfestival.

Part-Time Paradise is in unike campingfoarstelling wêrby’t it publyk fanút in kolossaal observatoarium fan tritich meter breed en acht meter heech taskôger is fan in miny-maatskippij op de camping. Sjochst del op de camping en folgest tusken de echte kampearders yn de libbens fan tolve personaazjes dy’t allegearre op har eigen wize, mei har eigen bagaazje, op ’e nij begjinne. De foarstelling is te sjen op camping De Kooi wilens it Oerolfestival fan 14 oant en mei 23 juny. De try-outs binne op 31 maaie, 1 en 2 juny te sjen op citycamping De Wetterpôlle yn Ljouwert. Mear ynformaasje en tickets foar de foarstelling fynst hjir.

Nijs

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado