Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

14-11: Aan Tafel! yn Lewinski: De Moanne Live mei Tryater

01 11 2016

As tarieding op De wierheid fan Wylgeragea op 23 en 24 novimber yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek snije we op moandei 14 novimber tegearre mei De Moanne it tema fan de foarstelling alfêst oan by Aan Tafel! by kulinêr poadium Lewinski yn Snits. Hoe dreech is it om de nuânse te bewarjen yn in tiid wêryn’t ûnbehagen en ûnwissichheid tanimme?

·         18:00-19:00 oere: Aan tafel! Op tafel lizze petearkaartsjes.

·         19:00 oere: Stella van Gent, wethâlder yn Súdwest Fryslân, ynterviewt Kees Roorda, skriuwer fan De wierheid fan Wylgeragea.

·         19:45 oere: dichter Arjan Hut.

Mei-ite kostet €10,00, reservear by Lewinski.
Nei it iten oanskowe mei fansels ek.

Tryater jout romte om oars te tinken. We fine fragen nijsgjirriger as antwurden. We binne altyd op ûndersyk út en prate graach mei jim. Ek by De wierheid fan Wylgeragea. Dêrom organisearje we keukentafelpetearen, ynspiraasjejûnen, workshops en oare projekten.

De Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. De Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. De Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado