Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Foekje
Campagnebeeld Foekje
9 Apr O/M 22 Jun

Foekje

Nije perspektiven op it ferhaal fan de Fryske hurddraafleginde
Bestel kaarten
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter ...
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter ...
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter ...
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter ...
Dorpshuis Toutenburg | Doctor Meihuiz...
Marne Theater | Schoolstraat 1 | 8701...
Marne Theater | Schoolstraat 1 | 8701...
MFC De Wier | De Telle 21 | 9247 BH O...
MFC De Jister | Meindert Heegpaad 1 |...
Doarpshûs De Singel | U.P. Draysmastr...
Sneker Sporthal | Van Giffenstraat 3 ...
Sneker Sporthal | Van Giffenstraat 3 ...
Sporthal De Twine | Tjallinga 2 | 900...
Sporthal Sportfun | Sewei 3 | 8501 SP...
Piers Stee | Harlingerweg 26A | 8821 ...
Sportcentrum Drachten | Leerweg 3 | 9...
Sportcentrum Drachten | Leerweg 3 | 9...
MFC De Beijer | Tjaerdawei 42 B | 910...
Sport- en cultuurcentrum De Hege Fonn...
MFC It Joo | Joodyk 2 | 8614 JK Aldeg...
Sporthal De Trime | Herman Gorterstra...
MFC De Mande | Tramstrjitte 2A | 8771...
Utingeradielhal | Spikerboor 10 | 849...
Sporthal Van der Bijhal | Maartensple...
GGZ Friesland gymzaal De Wende | Burg...
GGZ Friesland gymzaal De Wende | Burg...
GGZ Friesland gymzaal De Wende | Burg...
Sportcentrum De Rolpeal | Weverswei 2...
MFC De Ynset | De Morgenzon 7 | 9151 ...
MFC Tytsjerk | Noarderein 1 | 9255 KC...
Doarpshûs De Nije Warf | Foarwei 31 A...
MFA De Akkers | Veluwelaan 47 | 8443 ...
MFA De Akkers | Veluwelaan 47 | 8443 ...
Oerol - Terschelling
Oerol - Terschelling
Woansdei 9 April 2025

Foekje

20:00
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter de Hoven 118 | 8933 CR Leeuwarden
Tariven
  • standaard try-out €20.00
  • Freonen try-out €17.00
  • Jong (t/m 25 jr) €14.00
try-out
Tongersdei 10 April 2025

Foekje

20:00
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter de Hoven 118 | 8933 CR Leeuwarden
Tariven
  • standaard try-out €20.00
  • Freonen try-out €17.00
  • Jong (t/m 25 jr) €14.00
try-out
Freed 11 April 2025

Foekje

20:00
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter de Hoven 118 | 8933 CR Leeuwarden
premjêre
Sneon 12 April 2025

Foekje

20:00
Gymzaal Comenius Mariënburg | Achter de Hoven 118 | 8933 CR Leeuwarden
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Lêste kaarten!
Tiisdei 15 April 2025

Foekje

20:00
Dorpshuis Toutenburg | Doctor Meihuizenstraat 2 | 9851 AR Burum
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Woansdei 16 April 2025

Foekje

20:00
Marne Theater | Schoolstraat 1 | 8701 DX Boalsert
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Tongersdei 17 April 2025

Foekje

20:00
Marne Theater | Schoolstraat 1 | 8701 DX Boalsert
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 18 April 2025

Foekje

20:00
MFC De Wier | De Telle 21 | 9247 BH Oerterp
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Sneon 19 April 2025

Foekje

20:00
MFC De Jister | Meindert Heegpaad 1 | 8835 ZA Easterlittens
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Woansdei 23 April 2025

Foekje

20:00
Doarpshûs De Singel | U.P. Draysmastrjitte 2 | 8806 KL Achlum
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Woansdei 30 April 2025

Foekje

20:00
Sneker Sporthal | Van Giffenstraat 3 | 8601 EX Snits
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Tongersdei 1 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sneker Sporthal | Van Giffenstraat 3 | 8601 EX Snits
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 2 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sporthal De Twine | Tjallinga 2 | 9001 LB Grou
Tariven
  • Leden Krite Grou €19.50
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Sneon 3 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sporthal Sportfun | Sewei 3 | 8501 SP De Jouwer
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Tiisdei 6 Maaie 2025

Foekje

20:00
Piers Stee | Harlingerweg 26A | 8821 LC Kimswert
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Woansdei 7 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sportcentrum Drachten | Leerweg 3 | 9202 LC Drachten
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Tongersdei 8 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sportcentrum Drachten | Leerweg 3 | 9202 LC Drachten
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 9 Maaie 2025

Foekje

20:00
MFC De Beijer | Tjaerdawei 42 B | 9105 KG Rinsumageast
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Sneon 10 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sport- en cultuurcentrum De Hege Fonnen | Betelgeuze 2 | 8531 MV Lemmer
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Woansdei 14 Maaie 2025

Foekje

20:00
MFC It Joo | Joodyk 2 | 8614 JK Aldegea (SWF)
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Tongersdei 15 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sporthal De Trime | Herman Gorterstraat 5 | 8561 BR Balk
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 16 Maaie 2025

Foekje

20:00
MFC De Mande | Tramstrjitte 2A | 8771 RS | Nijlân
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Sneon 17 Maaie 2025

Foekje

20:00
Utingeradielhal | Spikerboor 10 | 8491 PA Akkrum
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Online hast útferkocht | Fan 22 april ôf noch kaarten te keap by Bakkerij Boonstra yn Akkrum
Woansdei 21 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sporthal Van der Bijhal | Maartensplein 1 | 9291 BZ Kollum
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Tongersdei 22 Maaie 2025

Foekje

20:00
GGZ Friesland gymzaal De Wende | Burg. J. Dijkstraweg 6 | 8801 PG | Frjentsjer
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 23 Maaie 2025

Foekje

20:00
GGZ Friesland gymzaal De Wende | Burg. J. Dijkstraweg 6 | 8801 PG | Frjentsjer
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Sneon 24 Maaie 2025

Foekje

20:00
GGZ Friesland gymzaal De Wende | Burg. J. Dijkstraweg 6 | 8801 PG | Frjentsjer
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Woansdei 28 Maaie 2025

Foekje

20:00
Sportcentrum De Rolpeal | Weverswei 2 | 8711 GP Workum
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 30 Maaie 2025

Foekje

20:00
MFC De Ynset | De Morgenzon 7 | 9151 KM Holwerd
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Sneon 31 Maaie 2025

Foekje

20:00
MFC Tytsjerk | Noarderein 1 | 9255 KC Tytsjerk
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Woansdei 4 Juny 2025

Foekje

20:00
Doarpshûs De Nije Warf | Foarwei 31 A | 9113 PA Wâlterswâld
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 6 Juny 2025

Foekje

20:00
MFA De Akkers | Veluwelaan 47 | 8443 BC Heerenveen
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Sneon 7 Juny 2025

Foekje

20:00
MFA De Akkers | Veluwelaan 47 | 8443 BC Heerenveen
Tariven
  • standaard €22.50
  • Freonen Tryater €19.50
  • Jong (t/m 25 jr) €16.50
Freed 13 Juny 2025

Foekje

Oerol - Terschelling
te sjen fan 13 o/m 22 juny op Oerol Skylge
Snein 22 Juny 2025

Foekje

Oerol - Terschelling
te sjen fan 13 o/m 22 juny op Oerol Skylge

Foekje Dillema, ‘de Friese stoomwals’ út Boerum. Ein jierren ’40 ferplettere se út it neat wei har konkurrinsje yn it ynternasjonale hurdrinsirkwy. Yn 1950 soe se as grutte kânshawwer dielnimme oan it EK yn Brussel. Mar dêr kaam it net fan: der waard twivele oft de flugge plattelânske wol in frou wie. De krekt ynfierde seksetest wegere se. Foekje waard foar it libben skrast. Har olympyske dream yn de knop brutsen. Oer dit yngripende libbensbarren swijde se oant har dea ta. Wie dat út skamte? Ut grutskens? Of ferset? Moatte wy dan ek swije?

Foto van Foekje Dillema
Foto: Nationaal Archief

De foarstelling Foekje is in muzikale, emosjonele rekonstruksje fan Foekje har libben. Ferskate personaazjes besykje bleat te lizzen wat Foekje ús hjoed-de-dei te fertellen hat. Hoe is it om útsletten te wurden om wa’st bist, yn de sport en yn ‘e maatskippij? En wat seit har ferhaal oer ús, oer wa’t wy binne?  

Yn gymsealen troch hiel Fryslân en op Oerol Skylge fiere we Foekje har eksplosiviteit, fearkrêft en ûnfersetlikheid. 

  • Foekje is foar it grutste part Frysktalich. Nederlânske ûndertiteling is oanwêzich
  • Tagongsprizen: € 22,50 (regulier), € 19,50 (Freonen fan Tryater), € 16,50 (Jong o/m 25 jr)
Afbeelding met iconen voor toegankelijkheid

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Foekje. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Foekje, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.


Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Foekje, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!

SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: Foekje is rolstoeltagonklik.

AUDITIVE STIPE

  • By Foekje is Roger gehoorondersteuning (Phonak) beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding.
    De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken:
    – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
    – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses fan 23 april ôf.

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge fan 23 april ôf.
  • Helphûnen binne wolkom.

ONDERTITELING

  • Nederlandse ondertiteling is aanwezig.

LANGUAGE NO PROBLEM

  • English subtitles: available (smart glasses) as from 23 april. Choose the ’ticket + smart glasses’

As tarieding op de Run of de foarstelling kinst harkje nei de trijedielige podcast Hurddrave mei Foekje. Hoe wjerspegelet it ferhaal fan Foekje Dillema de striid foar gendergelikens yn de sport hjoed-de-dei? Yn trije ôfleveringen prate we dêroer mei saakkundigen en ûnderfiningssaakkundigen.  

Ein jierren ’40 wie dêr ynienen de wetterflugge atlete Foekje Dillema. Om’t se rekôr nei rekôr bruts, waard al gau twivele oft de plattelânske wol in frou wie. De krekt ynfierde seksetest wegere se. Foekje waard foar it libben skrast. Hoe is it om bûten spul set te wurden? En hoe fergiet it de Foekjes fan no en dy yn de takomst? Yn trije ôfleveringen komst dêr mear oer te witten. Underwilens daget in hurdrincoach dy út om yn beweging te kommen, sa kinst ûnder it draven harkje nei de ferhalen; twa miggen yn ien flap, moai no?! 

Oflevering 1: Falske start 
Yn dizze earste ôflevering sjogge we nei hoe’t en wêrom’t sport ûntstien is en hearre we wêrom’t froulju pas letter begûnen mei topsport. We sykje nei it antwurd op de fraach: kinne manlju en froulju as ‘gelyk’ yn topsport sjoen wurde? En kinne we sport en de maatskippij überhaupt yndiele yn man en frou?  

 
Oflevering 2: Bûtenspul 
Yn dizze twadde ôflevering hearre we wêrom’t oan sportfroulju en har prestaasjes twivele waard. En hoe is it wannear’t iepentlik oan dyn froulikheid twivele wurdt? We hearre persoanlike ferhalen en sykje nei de ûntwikkelingen fan ‘seksetesten’ yn de topsport. 


Oflevering 3: Gelykspul  
Yn de lêste ôflevering stelle we de fraach oft we eins stribje kinne nei gelikens en gendergelikens yn topsport. En wat betsjut de útspraak ‘there are only two genders’ fan Trump foar de Foekjes fan no? We sjogge foarút nei de takomst en hearre watfoar positive ûntwikkelingen de frouljussport al trochmakke hat. 

De gasten

Portretfoto van Danielle Pinedo

Danielle Pinedo is sportredakteur by de NRC. Se skriuwt benammen oer sport as sosjaal ferskynsel (ûnder oare wyklikse rubryk De Gelijkmaker). Yn 2022 wûn se mei twa kollega’s de NSP-priis foar it bêste sportsjoernalistike ferhaal fan it jier.

Portretfoto van Jaike Belfor

Jaike Belfor is aktrise en teätermakker, se spile û.o. yn ferskate foarstellingen fan Maastheater. Njonken teäter is fjochtsport har grutte leafde. Se jout karate – en selsferdigeningslessen en workshops yn stagefight. Ek is se sels aktyf as MMA-vechter en Olympysk mpic weightlifter en makket sy geregeld gefjochtskoreografiën foar films en searjes.

Foto: Isabel Sanchez Olid

Portretfoto van Henk Kraaijenhof

Henk Kraaijenhof is in ynternasjonaal bekende atletyktrainer en âld-bûnscoach. Hy wie sels in fertsjinstlik 400 meterrinner en wûn ûnder mear it NK-indoor. Bekend is hy benammen wurden as trainer/coach fan ûnder oaren Nelli Cooman en de Jamaikaanske Merlene Ottey en as loopadviseur fan eks-fuotballer Edgar Davids en âld-tennisster Mary Pierce.

Portretfoto van Ella Witjes

Ella Witjes is Intersekse Ambassadeur en lid fan de Rie fan Tafersjoch fan NNID. Stichting NNID set him sûnt 2013 yn foar seksediversiteit yn it algemien en yntersekse yn it bysûnder. Ella is sels yntersekse en mei ús dielt se hoe’t it is om op te groeien as yntersekse persoan. Lykas Foekje hat Ella in grutte leafde foar hurdrinnen.

Portretfoto van Agens Elling

Agnes Elling wurket by it Pim Mulier Instituut yn Utrecht. It Mulier Instituut is in wittenskiplik ûndersyksburo dat him rjochtet op sport en bewegen. Agnes is in ynternasjonaal respektearre ûndersiker op it mêd fan sosjale ûngelikens yn en troch sport. As haad fan it kluster Deelname, Inclusie en Gezondheid is sy ek ûnderdiel fan it managementteam.

Konsept, ynterviews en regy: Jannie van der Veen en Eline de Vries Redaksjoneel advys: Johannes Keekstra Dramaturgysk advys: Nina Thunnissen Montaazje: Linze Valk Muzyk: Wiebe Gotink Voice-over: Lourens van den Akker Stim hurddraafcoach: Nynke Heeg Produksje: Nina Postma Mei tank oan: Jaike Belfort, Ella Witjes, Henk Kraaijenhof, Danielle Pinedo en Agnes Elling 

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum.

Boerum, it plak dêr’t Foekje Dillema opgroeide, wenne en har lêste rêstplak hie. Dêr’t se op sokken har earste meters as hurdrinster makke. De Foekje Run nimt dy mei troch de Fryske wâlden mei oan de hoarizon it surrealistyske byld fan grûnsatellytstasjon ‘de Grutte Earen’, mar ek dwers troch it doarp. It startskot foar de Run wurdt jûn troch Johannes Kramer, boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.  

Underweis harkest nei ferhalen oer de topatlete, de doarpsbewenners fan Boerum en omkriten. Ek rinst in unyk rûntsje oer it terrein fan it grûnstasjon fan Boerum dat oars altyd ferbean gebiet is, komst by it monumint del dat it doarp foar Foekje oprjochte en Ljouwerter sjonger Sido Martens sil syn Ballade voor Foekje hearre litte. 
 
Kinst derfoar kieze om te draven, mar miskien nimst leaver de tiid om dit te belibjen en wolst kuierje. It kin beide. It giet by dizze Run net om it beheljen fan de rapste tiid. Underweis bepaalst sels oftst stilstean wolst om de ferhalen te beharkjen, mar dat hoecht net. Ast leaver yn ien kear trochrinst, kin dat ek. Sa kinst op dyn eigen wize yn de fuotspoaren fan ús Fryske sportheldinne Foekje Dillema trede.

De Foekje Run wurdt organisearre troch Tryater yn gearwurking mei in groep bewenners en belutsenen út Boerum. 

Ferhalen Yn de fuotleasten fan Foekje
Lâns de rûte fynst buordsjes mei QR-koades om de ferhalen te beharkjen. Mochtst op 12 april net kinne of de rûte leaver yn ien kear trochrinne wolle, dan kinst op in oar momint nei de ferhalen harkje. De buordsjes bliuwe noch oant heal juny stean. Scanst de koade mei dyn telefoan en harkest nei wat it bewuste plak dy te fertellen hat. Startpunt foar de rûte is doarpshûs Toutenburg yn Boerum.  

Praktysk

  • Datum: sneon 12 april 2025
  • Ofstân: 5 kilometer
  • Startskot: kuierders 10.00 oere, hurdrinners 10.30 oere
  • De finish giet ticht om 12.30 oere
  • Kosten: € 7,50
  • Startlokaasje: Doarpshûs Toutenburg, Doctor Meihuizenstraat 2, 9851 AR Boerum
  • Doch geskikte (sport)klean en goeie skuon oan
  • Nim in smartphone mei koptelefoan of eardopkes mei foar it harkjen nei de ferhalen
  • Der is in wetterpunt by de Grutte Earen healwei de rûte
  • It doarpshûs is foar de start en nei de finish iepen foar in drankje
  • Toiletten en klaaikeamers (gjin douches) binne oanwêzich yn it doarpshûs

Podcast: Hurddrave mei Foekje 
Alfêst waarmrinne? As tarieding op de Run kinst harkje nei de hurddraaftrening-podcast Hurddrave mei Foekje dy’t dy in 3 ôfleveringen tariedt op de Foekje Run. De ôfleveringen nimme dy yn ynterviews mei nijsgjirrige gasten út it sportfjild mei yn de syktocht nei lykweardichheid yn de topsport tusken manlju en froulju.

Team organisaasje Boerum: Evelien Jansma, Alicia Talma, Marinus Kroes, Irene van der Let, Gea Douma, Trudy Meijer, Korien Boerema, Emma van der Let, Bolinda Koers en Karin Rinsma.  

Kredits

Lourens van den Akker
Nynke Heeg
Stijn Schootstra
Jos van Kan
Romke Gabe Draaijer
Kees Roorda
Peter Sijbenga
Nina Thunnissen
Jan Ros
Mathilde van der Hoop
Bart Schurer
Gido Bamboe
Andrea Beugger
Spul Lourens van den Akker, Nynke Heeg, Caroline Mgata, Stijn Schootstra | Slagwurk Julia Ramos | Regy Jos van Kan | Regyassistint Romke Gabe Draaijer | Tekst Kees Roorda | Oersetting Peter Sijbenga | Dramaturgy Nina Thunnissen | Muzyk Wiebe Gotink | Foarmjouwing Jan Ros | Kostúmûntwerp Mathilde van der Hoop | Ljochtûntwerp Bart Schurer | Lûdsûntwerp Gido Bamboe | Koreografy Andrea Beugger | hurddraafcoach Rutger Wagenaar | Kampanjebyld Tryntsje Nauta | Mei mooglik makke troch Leeuwarder Ondernemers Fonds |

Foekje

 

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Podcast | Hurddrave mei Foekje

Ter voorbereiding op de Run of de voorstelling kun je luisteren naar de podcast Hurddrave mei Foekje.

lês mear

Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado