Recensie: Sa lang as wy blaze: alle emoasjes - Leeuwarder Courant
09 10 2023In gewoane repetysjejûn foar fanfare Wilhelmina Easterein. Dat is it unike dekôr foar de premjêre fanYnblaze, it earste diel fan it Fanfare-trijelûk fan Tryater. Mei in ôfwikseling fan toaniel en muzyk spilet Brecht Wassenaar de rol fan Carmen, as saksofoaniste ûnderdiel fan ’e fanfare.
It publyk komt by de repetysje fan ’e fanfare op besite. As de leden ien foar ien binnenkomme, om’t de repetysje hast begjint, jout Carmen in ynsjoch yn harren persoanlike ferhalen en achtergrûnen. Wêrom sitte se by de fanfare? Wat motivearret se? Hjirmei rekket Wassenaar fuortdaliks de goeie snaar en hat dêrtroch ek fuort alle oandacht fan it publyk.
Se nimt it publyk mei yn alle emoasjes dy’t oan bar komme as lid fan in muzykferiening: frustraasje, plezier, twivel en ferlichting.
Wat eltse muzykferiening spesjaal makket
Wassenaar, sels opgroeid by in fanfare, wikselt saksofoan en toanielspul yn dizze foarstelling hieltyd ôf. ,,It is wol dreech om muzyk te meitsjen en tagelyk te aktearjen. Ik moat hieltyd skerp wêze wannear’t ik tekst ha en wannear’t ik spylje moat. Mar it is wol hiel spesjaal om beide te kombinearjen yn ien foarstelling.’’
De foarstelling set in ymposante likenis fan in trochsneed repetysjejûn del. Troch it grutte ynlibbingsfermogen fan Wassenaar wurdt it publyk meinommen yn it ferhaal en de gedachtewrâld fan saksofonist Carmen. Ek in knappe prestaasje fan dirigint Wilbert Zwier en alle leden fan fanfare Wilhelmina, dy’t neist har muzikale optreden ek har bêste akteartalint sjen litten hawwe. In must-see foar eltsenien mei in hert foar hafabra-muzyk.
~ Lees hier de gehele recensie
~ Auteur: Marijke Nicolai
~ Foto: Lucas Kemper