Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Doch mei oan de Masterclass Literêre Performance

29 06 2023

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije masterclass Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclass wurdt jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

De masterclass Literêre Performance is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe, en (leafst) al wat presintaasje/poadiumûnderfining hawwe. Yn dizze masterclass ferkenst al spyljend de mooglikheden om in tekst oan en foar it publyk oer te bringen. Wille en ferbyldingskrêft steane foarop.

Mei akteur en teatermakker Karel Hermans silst oan ‘e gong mei hâlding, stimgebrûk, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goede literêre performer. Kinst wurkje mei eigen teksten – poëzij of proaza, yn hokker taal ast wolst – wêrmei’t jim mei-inoar in foarstelling meitsje oer it tema ‘(ûn)einigens’. Nei de fiif masterclasses en in try-out jouwe wy op it Explore the North festival in mienskiplike foarstelling oan it publyk op festival Explore the North op 24, 25, 26 novimber. Hâld dizze data dus frij yn de aginda!

De masterclasses binne op tiisdeitejûn fan 19.00 oant 22.00 oere; op 3, 17 en 31 oktober by Tryater en op 7 en 14 novimber yn de Kapel fan dbieb. De try-out fan jim mienskiplike foarstelling is dêr woansdei 15 novimber en yn it wykein fan 24-26 novimber spylje jim de foarstelling twa kear op festival Explore the North.

Der is plak foar maksimaal seis dielnimmers. Meidwaan is fergees en wurdt oanbean troch Tryater, Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature. Mei dit formulier kinst dy oant en mei tongersdei 31 augustus 2023 ynskriuwe.

Wy meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte yn de wike fan 4 septimber witte oftst meidwaan kinst. Ast ​​selektearre binst, ferwachtsje wy datst meidochst oan alle gearkomsten en optredens. We freegje dy ek om foar’t de masterclass úteinset in eigen tekst te skriuwen/út te sykjen dy’t te krijen hat mei it tema (ûn)einigens, om yn de masterclass mei te wurkjen.

Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Tryntsje van der Steege, projektkoördinator by Ljouwert UNESCO City of Literature, tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.

~ Foto: Lucas Kemper

Nijs

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado