Loading...
Pinokkio lost time
14+ 1 O/M 9 Septimber’23

Pinokkio lost time

Folwoeksen coming-of-age-mearke
Firma Draaijer&DeVries

Pinokkio lost time yn reprise op 1 en 2 septimber by Tryater en op 7, 8 en 9 septimber op it Fringe Festival yn Amsterdam!

Wêrom kaam teatermakker Romke Gabe Draaijer (33) sa let – pas op syn 27e – út ´e kast? Om op dy fraach antwurd te jaan ynterviewde hy sa’n fyftich Friezen oer harren coming-out en harren ûnderfiningen as LHBTIQ+’er yn Fryslân. De petearen ynspirearren Draaijer ta it byldzjende en ynterdissiplinêr coming-of-age-mearke Pinokkio lost time, mei Carlo Collodi’s út hout fykt ikoan as metafoaryske maskotte. Fan houten marionet feroare hy stadich en al stroffeljend yn in minske fan fleis en bloed. Yn Pinokkio lost time, in miks fan dûns, spul en muzyk, ûndersiket Draaijer hoe’t je (seksuele en/of gender)identiteit ûntdekke yn in heteronormative wrâld fol stereotypearringen en fêstruske patroanen.

In trijelûk | Master in Theatre
Yn septimber 2021 sette Draaijer útein mei de Master in Theatre oan ‘e Toneelacademie yn Maastricht. Tidens de master befreget en ûntwikkelet hy syn autonome keunstnerskip oan ‘e hân fan in artistyk ûndersyk. Mei help fan Tryater dûkt hy de kommende twa jier yn it tema LHBTIQ+’er wêze yn Fryslân, wêrby’t meardere keunstprojekten tawurkje sille nei in einproduksje yn ’e winter fan 2025.

Pinokkio lost time is it earste projekt út dy rige. Yn maaie 2024 folget de lecture-performance WILDE, basearre op’e blomrike en (homo-)eroatysk laden teksten fan Oscar Wilde – opfierd op plakken dy’t fan betsjutting west hawwe foar de LHBTIQ+-emansipaasje yn Fryslân.

  • Tickets Tryater: € 12,50 (regulier), € 10,- (student/kleine beurs), € 25,- (steun de Firma-ticket)
  • Tickets Fringe Festival: € 12,50 (standaard), € 11,50 (CJP)
  • Language no problem
  • Wheelchair friendly
  • LHBTIQ+ friendly

Mei mooglik makke troch: Tryater, Provinsje Fryslân, Gemeente Leeuwarden, Prins Bernhard Cultuurfonds, Janivo Stichting, Het Nieuwe Stads Weeshuis, NUT Leeuwarden, Douwe Kalma Stifting.

Firma Draaijer&DeVries – Romke Gabe Draaijer en Eline de Vries
Foar Pinokkio lost time stipet Tryater Firma Draaijer&DeVries yn de útfier fan de foarstelling. Tryater fersterket it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De nije teatermakkers binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.

 
Queer theatermaker op zoek naar 'de verloren tijd'
Leeuwarder Courant
Een verfrissend on-Friese voorstelling
Leeuwarder Courant
 
De lhbtqi+-gemeenschap wordt hiermee zeker een hart onder de riem gestoken
Friesch Dagblad
 
Pinokkio lost time toont die ontlading in een uitbundige rave waarbij er van de aangeharkte wereld geen spaan heel blijft. De twee blije hondjes gaan letterlijk alle perken te buiten.
Theaterkrant
 
Het gebeurt maar zelden dat een theatervoorstelling mij zo heeft verbaasd. Diep onder de indruk van hetgeen dat zich het afgelopen uur op het podium heeft afgespeeld.
Omrop Fryslân

Kredits

Romke Gabe Draaijer
Konsept en regy Romke Gabe Draaijer | Muzyk David Schwarz | Dûns Geronimo Chancoso | Spul Tom de Ronde | Senografy Leoni Pirenne | Technyk Harald Schnück | assistint produksje Jetske Wierda | Kampanjebyld Tryntsje Nauta | Sênefotografy Moon Saris |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado