Europeeske subsydzje foar ynternasjonaal teaterprojekt
23 06 2022Ljouwert, 23 juny 2022 – Tryater en sân oare teaterselskippen krije subsydzje fan it Creative Europe Fund fan de Europeeske Uny foar it ynternasjonale gearwurkingsprojekt phōnē (Gryksk foar ‘stim/spraak’). It trijejierrige projekt – dêr’t Tryater pinfierder fan is – ferbynt minsken dy’t ta in taalminderheid hearre oer taal- en kultuergrinzen hinne. De selskippen wurkje foar, mei en oer dizze taalmienskippen. It projekt liedt ûnder mear ta acht hjoeddeiske, profesjonele teaterproduksjes yn 2024.
De selskippen hawwe mienskiplik dat se allegearre yn in regionale en/of minderheidstaal spylje. Se jouwe de minderheidstaalsprekkers dêrmei in stim en garandearje kultureel en taalkundich ferskaat yn Europa. It projekt phōnē fersterket dit stribjen en biedt de selskippen in platfoarm foar kennis en útwikseling. It projekt bestiet yn haadlinen út twa ûnderdielen: oan de iene kant it skriuwen en it nei elkoars minderheidstaal oersetten fan nije toanielstikken en oan de oare kant it gearwurkjen fan ferskillende generaasjes amateurspilers. Dat smyt nije teaterproduksjes yn minderheidstalen op en in ynternasjonaal communityfestival. Ut Tryater wei docht skriuwer Wessel de Vries (û.o. Under Wetter) mei oan it skriuwerstrajekt. Yn 2023 begjint it wervjen fan amateurspilers foar de ynternasjonale útwikseling. Dêrneist komme der ûnder oare Europa-brede pod- en vodcasts foar it publyk en bewiisde wurkmetoades en foarbylden foar teater yn minderheidstalen.
Tatiana Pratley: “It is bysûnder dat we de subsydzje krigen hawwe. Der is in jierrenlange tarieding oan foarôfgien, want it is in komplekse oanfraach en in regeling dêr’tst dreech tagong ta krijst. We fiele ús besibbe oan de selskippen dêr’t we mei gearwurkje. It is foar ús allegearre it begjin fan in lange útwikseling.”
It ynternasjonale kultuerprojekt hat, tegearre mei it projekt Ulysses, subsydzjes krigen út it Creative Europa programma en provinsje Fryslân wei. De Fryske belutsenens by de projekten soarget foar in stevige útwreiding fan it Europeeske kultuernetwurk fan ús provinsje. Mei om ‘t beide projekten soargje dat it Frysk mear sichtber wurdt yn Europa en omdat it past by it provinsjale kultuerbelied, besleat it kolleezje fan provinsje Fryslân foar ien kear 330.000 euro ta te kennen oan beide projekten. Ut Europeeske kofinansiering wei krije de projekten in totaal fan 2,6 miljoen euro.
Kultuer – en taaldeputearre Sietske Poepjes fynt de Europeeske subsydzjetakenning in boppeslach:
“It is geweldich dat Fryslân sa’n bedrach út Brussel wei krijt. It is in moaie impuls foar ús Fryske kultuer, ús Fryske taal en ús streektalen.”
De oan phōnē dielnimmende selskippen binne neist Tryater (Nederlân / Frysk): Deutsch-Sorbisches Volkstheater Bautzen (Dútslân / Sorbysk), Teatrul Evreiesc de Stat (Roemenië / Jiddysk), Fibin To (Ierlân / Iersk), Stadttheater Bruneck (Italië / Ladinysk), Teatr Piba (Frankryk / Bretonsk), Centro Dramático Galego (Spanje / Galisysk) en Kven national theatre (Noarwegen / Kven). By it projekt binne neist de neamde selskippen de universiteit Leipzig belutsen foar de ûnderlinge oersettingen (fan de iene minderheidstaal nei de oare) en Hanzehogeschool Groningen foar de evaluaasje. Kommende wike giet in lytse delegaasje fan Tryater nei Tromsø (Noarwegen) foar de artistike ôftraap en om wiidweidiger mei elkoar yn de kunde te kommen.