Bernefiguranten socht foar Under Wetter op Skylge
12 04 2022Noch even en dan giet de grutte lokaasjefoarstelling Under Wetter fan start! Under Wetter makket diel út fan de programmaline IIS fan Arcadia, in 100 dagen duorjende keunst – en kultuermanifestaasje as ferfolch op Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Yn dizze lokaasjefoarstelling fertelle dûnsers, spilers en musisy it ferhaal fan famylje Kingma. Tryater en Ivgi&Greben sykje hjirfoar in oantal bernefiguranten (8 -12 jier) foar de foarstellingen dy’t plakfine tidens it Oerol festival op Skylge.
10 oant en mei 19 juny spilet Under Wetter op Oerol. Foar dizze foarstelling sykje Tryater en Ivgi&Greben inkelde bern (8 -12) dy ‘t op Skylge wenje én tidens Oerol (9 -18 juny) beskikber binne. Wurdst ynset as beweechfigurant en hast dêrom gjin tekst. Hast wille yn bewegen, bist fanatyk én kinst goed beweechrigen ûnthâlde en opfolgje? Fynst it fierder leuk om ûnderdiel te wêzen fan in grutte groep en te spyljen mei profesjonele akteurs, dûnsers & musisy?
Jou dy dan uterlik 13 maaie op. Dan krijst in útnûging foar de audysjes op Skylge op 16 maaie!