Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Ynformaasjejûn foar ynwenners Wergea e.o.

17 03 2022

Fan 12 oant en mei 28 maaie en fan 28 juny oant en mei 9 july spylje wy, y.g.m. dûnsselskip Ivgi&Greben, de lokaasjefoarstelling Under Wetter op de iisbaan fan Wergea. Achter de skermen binnen de tariedingen yn folle gong en no ‘t we elkoar wer sûnder beheiningen live moetsje kinne, is it heech tiid om de ynwenners fan Wergea en omlizzende doarpen te ynformearjen en te belûken.

Dêrom nûgje wy elkenien dy’t ynteresse hat út foar in ynformaasjejûn yn de Bidler op moandeitejûn 4 april (ynrin fan 19.00 oere ôf, start om 19.30 oere). Net allinnich hearst en sjochst dy jûns fan alles oer Under Wetter, ek fertelle wy wat de foarstelling betsjutte sil foar it doarp en is der romte foar fragen. Wat ek oan bod komt, wy binne noch drok op syk nei frijwilligers én hawwe in oanbod foar it doarp.

Sin om te helpen of gewoan nijsgjirrich? Kom dan 4 april nei de Bidler! Foarôf oanmelde is net nedich. Mear ynformaasje oer Under Wetter fynst hjir

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado