Protest Tryater tsjin ferbod kapsalon
20 01 2022Woansdeitemiddei 19 jannewaris fierde Tryater – stipe troch oare kulturele ynstellingen en leafhawwers – in freedsum protest nei en op it Wilhelminaplein. It wie in reaksje op it ferbod troch de gemeente Ljouwert fan it oarspronklike plan: it oanheakjen by Kapsalon Theater.
Kapsalon Theater is it lanlike inisjatyf fan Sanne Wallis de Vries en Diederik Ebbinge om kappers knippe te litten yn teaters en klanten ûnder it wachtsjen en de behanneling te traktearjen op teater. Dit om op ludike en feilige wize dúdlik te meitsjen dat de kulturele sektor noch hieltyd mei smert wachtet op weriepening. Tryater hie in beskieden programma optúgd mei fiif kappers/stilisten dy’t yn twa oeren tiid yn totaal tweintich klanten helpe soenen. De klanten soenen genietsje fan monologen fan akteurs Joop Wittermans, Marjolein Ley, Aukje Schaafsma, Eva Meijering, Bart Harder en Eline de Vries. Doe’t woansdeitemoarn definityf bekend waard dat de gemeente de aksje yn Ljouwert ferbea en derop hanthavenje soe, waard yn sân hasten in protestaksje yn it libben roppen.
“Iepen, iepen, iepen”
Wapene mei in libbensgrutte skjirre, protestbuordsjes, Tryater-findels en giele fakkels rûnen meiwurkers, akteurs, kappers en besikers fan it Tryater-gebou nei it Wilhelminaplein. Sietske Poepjes, deputearre kultuer fan de provinsje Fryslân rûn mei yn de foarhoede. Se woe har stipe oan de sektor betsjûgje. Op it plein wienen ûnder mear meiwurkers fan Neushoorn, Tresoar, New Noardic Wave, Pier21 en de gemeente oanwêzich, lykas learlingen fan D’Drive. De toeter fan de Tryater-frachtwein en it roppen fan ‘Iepen, iepen, iepen’ setten de koarte aksje krêft by.
In soad omtinken fan publyk, polityk en parse
Lanlik lutsen aksjes as Theater Kapsalon op 19 jannewaris in soad oandacht fan publyk, polityk en parse. De Fryske media namen Tryater folop mei:
- Blog-items op Omrop Fryslân
- Item op Leo Middelsé
- Artikel yn Leeuwarder Courant en item op LC Live
- Artikel yn Friesch Dagblad
Foto’s: Lucas Kemper