Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater docht mei oan Kapsalon Theater

17 01 2022
Beeld Kapsalon Theater

Op woansdei 19 jannewaris wurde teaters yn hiel Nederlân foar ien kear omboud ta kapsalon.
En wachtsje by de kapper hat noch noait sa leuk west! Nei it meitsjen fan in ôfspraak kinst mei mûlkapke en jildich coronatagongsbewiis ek yn it teater fan Tryater terjochte foar in nije coupe, in pedikuere of in fris neillakje. Yntusken kinst sjen nei optredens fan de folgjende akteurs: Joop Wittermans, Marjolein Ley, Aukje Schaafsma, Eva Meijering, Bart Harder en Eline de Vries.

Kapsalon Theater is in inisjatyf fan Sanne Wallis de Vries en Diederik Ebbinge. Nei twa jier coronabelied moatte wy spitigernôch konkludearje dat de kulturele sektor – tegearre mei de hoareka en it nachtlibben – hieltyd it bern fan de rekken is. Wy binne bliid dat wy mei dizze ienmalige aksje in wize fûn hawwe om op in ludike wize én neffens de jildende regels, de oandacht te festigjen op de knipende situaasje yn de kulturele sektor.

Kapsalon Tryater
Kapsalon Tryater is woansdei 19 jannewaris iepene tusken 15.00 en 17.00 oere. Alle healoeren start in nije ronde mei behannelingen ynklusyf teater. Kinst dyn knip/fersoarchbeurt online reserveare. De tagong is fergees, wol kinst by it fuortgean in frijwillige donaasje dwaan. Foar tagong is neist in ticket in jildich coronatagongsbewiis nedich. Binnen ús gebou jilde de hjoeddeistige corona-maatregels lykas it mûlkapke, 1,5 meter ôfstân en in fêst sitplak.
Boek no dyn plak

Kappers/neilstylisten/skjintmespesjalisten socht!
Op dit stuit hawwe wy trije kappers en in pedikuere boeke kinnen. Wolsto ek helpe? Dat is top! Dan kinne we de kapasiteit fan ús ienmalige ‘salon’ útwreidzje. Nim by belangstelling sa gau mooglik kontakt op.

 


Mear oer it inisjatyf

De kultuersektor hat him altyd fleksibel, soarchfâldich en mei ynlibbingsfermogen ta it Coronabelied opsteld. Ut ûndersyk hat bliken dien dat der ûnder de iepenstelling amper besmettings yn de teaters sjoen binne. It tekoart oan perspektyf en de koarte termyn-kommunikaasje binne foar de kulturele sektor ûnwurkber. Foar it iepenstellen fan teaters is tarieding nedich. Dit kin net op stel en sprong nei in ‘weegmoment’.

Oan Kapsalon Theater dogge grutte en lytse teaters yn hiel Nederlân mei. Lanlik dogge spilers en makkers mei as Youp van ‘t Hek, Bert Visser, Roué Verveer, Claudia de Breij, Dirk Scheele, Yentl en de Boer, Theo Maassen en Ed Struijlaart.

Lês mear oer Kapsalon Theater en de dielnimmende teäters

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado