Nei krystfoarstellingen as Ronja de Rôversdochter en De Bruorren Liuwehert komt Tryater dizze winter op ’e nij mei in famyljefoarstelling nei in boek fan Astrid Lindgren yn stedsskouboarch De Harmonie.
Karlsson fan it dak prikelet de fantasy fan jong en âld. Foar it earst oait wurdt it boek op it Nederlânske toaniel brocht: in ferhaal fol humor en magy. Lit dyn (berns)bern belibje hoe magysk oft teater wêze kin en bring ek sels dyn fantasy wer ta libben mei dé famyljefoarstelling fan dizze winter!
De hiel gewoane Erik Erikson wennet mei syn hiel gewoane âlden yn in hiel gewoane strjitte yn Stockholm. Mar as op in jûn in lyts dik mantsje mei in propeller op ’e rêch Erik syn sliepkeamer ynfljocht, is syn libben ynienen net sa gewoan mear.
Al gau ûntstiet in bysûndere freonskip tusken de bleue Erik en de selsfersekere, eigenwize Karlsson, dy’t op magyske wize fleane kin mei in startknop op ’e búk en beweart dat er de alderbêste yn alles is. Tegearre belibje se de grutste aventoeren fol ûnhandige ynbrekkers, lilke omkes en soere muoikes. Net ien wol Erik leauwe oer syn bêste, fleanende freon, mar, ek al bringe de grappen fan Karlsson him gauris yn de problemen: Erik hat de grutste wille. Geandewei krûpt Erik hieltyd mear út syn skulp en leart datst úteinlik mear berikst mei moed en selsfertrouwen.
- Dizze foarstelling is folslein yn it Frysk, foar wa’t wol is der in Nederlânske oersetting beskikber.
- De spylperioade is fan sneon 14 oant en mei moandei 30 desimber, mei sawol middei- as jûnfoarstellingen.
- De foarstelling is geskikt foar bern fan 8 jier ôf.
Karlsson fan it dak wurdt regissearre troch Tatiana Pratley. Fan augustus 2020 ôf folget sy Ira Judkovskaja op as artistyk direkteur fan Tryater. Yn de perioade 2012 – 2016 wie Tatiana ferbûn oan Tryater as Jonge Makker. Ek makket se diel út fan it teaterkollektyf Skoft&Skiep, dêr’t se ûnder oaren Never Walk Alone (2015), Work Work Work Work Work (2017), It Hillige Hert fan Cambuur (2018) en de suksesfolle Oerolfoarstelling Part-Time Paradise (2019) mei makke en sels regissearre.