Eline de Vries is berne yn Westergeast. Nei de Jeugdtheaterschool Meeuw studearre se Docent Theater oan de NHL. Under dizze stúdzje folge se by Tryater it opliedingstrajekt Jong Tryater. Dêrwei rjochte se mei Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller en Brecht Wassenaar teatergroep De Prutsers op. Under lieding fan Ira Judkovskaja makken se û.o. de foarstellingen Elkenien is in prutser en de Trije Susters, dy’t yn 2021 op ’e nij yn premjêre giet. Dêrneist spilet Eline yn de Tryater-jeugdfoarstellingen Rûntsje Hûntsje en Sûkerswiet en de famyljefoarstelling Karlsson fan it dak. Eline wurket ek as regy-assistint en is belutsen by de jongerecommunity fan Tryater. Bûten Tryater wurket se as freelance regisseur.