It gelok fan Fryslân' by Explore the North
03 11 2021Yn de hjerst fan 2020 en 2021 reizge Tryater by tsien ferskillende doarpen yn Fryslân del. Mei de foarstelling ‘It gelok fan Fryslân’ ûndersocht it selskip op artistike en ludike wize – yn gearwurking mei ynwenners en it Fries Sociaal Planbureau – hoe’t it kin dat Fryslân de lokkichste provinsje fan Nederlân is.
Yn gearwurking mei festival Explore the North bringe wy foar de allerlêste kear de teatrale audiokuiertocht ‘It gelok fan Fryslân’. Dit kear in stêdsedysje yn Ljouwert op freed 19 novimber fan 15.00 – 17.00 oere en op sneon 20 en snein 21 novimber fan 14.00 – 17.00 oere.
Keapje in festivalticket foar Explore the North op op explore-the-north.nl en reservear in tijdslot foar ‘It gelok fan Fryslân’ op tryater.frl.
~ Mear ynformaasje op tryater.frl
~ Foto: Xanne Vera