In aventoerlike audio-kuiertocht dy’t de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt!
Nei oanlieding fan de parsekonferinsje fan 13 oktober hat Tryater besletten om It gelok fan Fryslân yn Reduzum, Kollum en Winaam net troch gean te litten.
Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.
Per doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnoegje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen. De rûte is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten. Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân is in poëtyske konfrontaasje mei gelok.
It gelok fan Fryslân strykt del yn de folgjende plakken:
21 en 22 maaie 2021: Ljouwert (ygm Explore the North)
29 en 30 maaie 2021: Reduzum
5 en 6 juny 2021: Kollum
12 en 13 juny 2021: Winaam
Yn 2020 wie It gelok fan Fryslân al yn:
29 en 30 augustus: Marsum
* (Harkje hjir nei in stikje fan it Marsumer geloksgedicht)
5 en 6 septimber: Jorwert
* (Harkje hjir nei in stikje fan it Jorwerter geloksgedicht)
12 en 13 septimber: Koarnjum
* (Harkje hjir nei in stikje fan it Koarnjummer geloksgedicht)
19 en 20 septimber: Feanwâlden
* (Harkje hjir nei in stikje fan it Feanwâldster geloksgedicht)
26 en 27 septimber: Wommels
* (Harkje hjir nei in stikje fan it Wommelser geloksgedicht)
3 en 4 oktober: Eastermar
* (Harkje hjir nei in stikje fan it Eastermarder geloksgedicht)
10 en 11 oktober: Wikel
* (Harkje hjir nei in stikje fan it Wikelder geloksgedicht)
Coronaproof
It gelok fan Fryslân is coronaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM.
Der is in beheind tal plakken beskikber per foarstelling.
Sa wurket it
Krigest fan ús by de start in telefoan wêrmeist de rûte rinne kinst. Wy soargje derfoar dat alles goed wurket foardatst op paad giest. Oan ‘e ein fan ‘e tocht leverst de telefoan wer by ús yn.
Rinst de tocht individueel. Om de twa minuten start de folgjende dielnimmer. Komst mei syn twaën of mear, keapje dan kaarten foar deselde starttiid. Rinst dan noch hieltyd individueel maar wol flak foar of nei elkoar.
Sels meinimme
– in koptelefoan of earkes
(foar it gefal datst dy net hast, ha wy in pear koptelefoans te lien)
Rinst de tocht individueel. Om de twa minuten start de folgjende dielnimmer. Komst mei syn twaën of mear, keapje dan kaarten foar deselde starttiid. Rinst dan noch hieltyd individueel maar wol flak foar of nei elkoar.
It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater fan teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans: se ûndersykje hoe’t it kin dat Fryslân de gelokkichste provinsje fan Nederlân is. Elk jier dûke we op yn in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol.
Dit earste diel foarmet de ôftraap fan it fjouwerjierrige projekt en is tagelyk it earste projekt ûnder de artistyk lieder Tatiana Pratley.