Nije lokaasjefoarstelling NACHT
04 01 2021Fan april oant en mei maaie hoopje wy dat jim genietsje kinne fan de nije lokaasjefoarstelling NACHT. NACHT spilet him ôf yn en op parkeargaraazje De Klanderij te Ljouwert. In bysûndere lokaasje foar in foarstelling oer tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten fan minsken dy’t let op de jûn noch wekker binne.
NACHT is in aventoerlike syktocht yn it tsjuster. Belibbest it earste part fan de foarstelling út de auto wei en it twadde part ûnder de bleate himel. Fan it parkeardek ôf sjochst út oer nachtlik Ljouwert.
De foarstelling wurdt makke troch it team achter de Oerol-hit Part-Time Paradise (Aukje Schaafsma, Karel Hermans, Tatiana Pratley en skriuwer Wessel de Vries) yn gearwurking mei Sjoeke-Marije Wallendal (2018-iepeningsfoarstelling Marijke Muoi).
Hâld de website en social media yn ’e gaten foar de start fan de kaartferkeap en mear ynformaasje. Wês derby! De kapasiteit sil y.f.m. de coronabeheiningen net grut wêze.