Tryater Rûnom | 1000&1 Nacht ferhalen skriuwe
15 04 2020Sa om it begjin fan ús jiertelling hinne ûntsnapte de moaie Sheherazade oan de dea troch tûzen-en-ien nachten in betsjoenend ferhaal oan de kening te fertellen. Dizze prachtige fertellingen foarmje in samling ferhalen út it Midden Easten. Ferhalen fan fier fuort, oer minsken fier fuort…of stean al dy ferhalen miskien just wol tichterby as datst tinke soest?
Tryater giet it aventoer oan mei tal fan skriuwers. Yn de geast fan de fertellingen fan Tûzen-en-ien-nacht sille de skriuwers cliffhangers meitsje foar mekoar. Se sille ferhalen fertelle yn in soart ramt-feuilleton om harsels, út de karantêne wei, reizgje te litten yn de holle.
De ferhalen wurde skreaun mei pinne en papier. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of hokker taal ek mar. Se komme yn in ketting fan skriuwers dy’t koarte ferhalen nei mekoar ta stjoere. Yn eigen hûs; de postboade bringt de ferhalen rûn. De kettingferhalen sirkulearje yn april en maaie. De skriuwers ha trije dagen om in ferhaal te skriuwen foar’t it wer op ’e post moat.
Wat der mei de ferhalen dien wurdt, kin no noch net betocht wurde, om’t it ûnwisse tiden binne. Hâld ús webside yn ’e gaten foar nijs.
De ôfskiedsfoarstelling 1000&1 Nacht fan Ira Judkovskaja sil der net komme sa’t dy oarspronklik betocht wie. Mar yn dizze spannende tiid – wêryn it wichtich is om sa no en dan te ûntsnappen oan de realiteit troch de rykdom fan de ferbylding op te sykjen – siket Tryater ek nei oare mominten om de ferbining mei it publyk oan te gean. We dogge dat ûnder de namme Tryater Rûnom. Wylst de repetysjes foar de foarstelling gripe nei in online medium, pakke we it foar Tryater Rûnom oan op in oare, ‘analoge’, manier.
Lês hjir fierder oer de foarstelling en meitsje ús syktocht mei om Ira har lêste foarstelling by Tryater 1000&1 Nacht, sa live as mooglik by it publyk te bringen.