1000&1 Nacht

Kom op de brulloft fan de Kening en Sheherazade

Argyf
Fanwegen alle ûnsekerheden fan dizze tiid ha we der foar keazen om fan start te gean mei digitaal repetearen. We geane teksten lêzen, tema’s besprekken, muzyk lústerjen op in digitaal platform. It wurdt in ûntdekkingsreis foar ús allegearre.

Sadree’t der mear bekind wurdt oer ús mooglikheden yn de kommende moannen, dan litte wy dat fansels oan jimme witte.


1000&1 Nacht is de lêste foarstelling fan regisseur Ira Judkovskaja as artistyk direkteur by Tryater. Ira har fertolking fan Tûzen-en-ien-nacht bringt dy alles wat teater is: live, alle jûnen wer oars, betoverjend, boartlik en yntins. Kom op de brulloft fan de Kening en Sheherazade: in teatrale belibbing!

De ferhalen út Tûzen-en-ien-nacht binne faaks mearkes, mar it binne gjin berneferhalen

Ynspirearre op de ferhalen fan Tûzen-en-ien-nacht, bringt Ira de fertellingen fan Sheherazade, de frou dy’t alle jûnen oan de dea ûntsnapt troch in moai ferhaal te fertellen oan de kening, in man dy‘t syn fertriet al hiel lang yn moardsucht útlibbet. Ferhalen fan fierwei, oer minsken fierwei… of steane al dy ferhalen folle tichterby ús as datst tinke soest? Genôch ferhalen om tûzen en ien nacht mei te foljen: fan in frou dy’t net by steat is om lilk te wurden, fan in seereizger dy’t himsels graach yn problemen bringt, fan in frjemd folkje dat nachts by elkoar komt om elkoar ferhalen te fertellen en gedichten foar te dragen, sadat har eigen taal net teloar giet.

De ferhalen út Tûzen-en-ien-nacht binne faaks mearkes, mar it binne gjin berneferhalen. Se sitte fol leafde, seks, geweld, dea en mystyk. As de sinne ûndergiet en de nacht oer ús allegear driget te fallen, sleept it ferhaal ús der op in hier nei wer troch. En fansels rint it yn Ira har regy krekt even wat oars as dat de brulloftsgasten ferwachtsje.

Mei 1000&1 Nacht komt Beppe Costa op ‘e nij nei Ljouwert. It Fryske publyk kaam mei Wereldburgers van de Voorstreek en Doarp Europa al yn ‘e kunde mei syn muzyk en syn ynstruminten. Yn 1000&1 Nacht spilet Beppe Costa, tusken de betoverjende floeistofdia’s en it spannende skaadspul fan senograaf Elze van den Akker, op ‘e nij live muzyk yn de foarstelling.


Kredits

Ira Judkovskaja | Peter Sijbenga | Romke Toering, Peter Sijbenga, Peter van de Witte, Eelco Venema en Raymond Muller | Beppe Costa, Aly Bruinsma, Jochem Stavenuiter, Marjolein Ley, Tijs Huys, Romke Gabe Draaijer, Brecht Wassenaar en Dimithri Postma | studenten: Rick Dorenbos, Maurice Jonkers, Jermain Loeman, Ingrid van der Meer, Damian von Stein, Ilse Stienstra, Femke de Vries, Senna Zijlstra | Beppe Costa | Elze van den Akker | Linda Eijssen | Koos de Vries | Eline de Vries | Aart Laferte |
Ira-Judkovskaja Ira Judkovskaja | Concept en Regie
Beppe-Costa Beppe Costa | Muziek & spel
Aly-Bruinsma Aly Bruinsma | Spel
Jochem-Stavenuiter Jochem Stavenuiter | Spel
Marjolein-Ley Marjolein Ley | Spel
Tijs Huys | Spel
Romke-Gabe-Draaijer Romke Gabe Draaijer | Spel
Brecht-Wassenaar Brecht Wassenaar | Spel
Dimithri-Postma Dimithri Postma | Spel

Parse

"Artistiek leider brengt een ode aan het theater"

— Leeuwarder Courant - 3 maart 2020

"Afscheidsvoorstelling Ira Judkovskaja op afvalberg"

— Omrop Fryslân - 3 maart 2020

"Arabisch sprookje op een vuilnisbelt"

— Friesch Dagblad - 3 maart 2020