Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater en Meeuw jonge theatermakers slute oan by Theater Na de Dam

26 04 2019
pand_tryater_theaternadedam

Op sneontejûn 4 maaie is in bysûnder teaterprogramma oan de Oostersingel yn Ljouwert yn it ramt fan Nasjonale Deadebetinking, in dûbelprogramma fan Meeuw jonge theatermakers en Tryater. Theater Na de Dam is in lanlik inisjatyf wêrby’t op deselde tiid yn hiel Nederlân mear as 100 foarstellingen spile wurde en nije teksten lêzen wurde, om dizze dei fan ekstra betsjutting te foarsjen.

Meeuw jonge theatermakers | We’ll meet again

Om 18:30o begjint de jûn by Meeuw jonge theatermakers (Oostersingel 70b) mei de foarstelling We’ll meet again ynspirearre op it boek ‘Sesi’ fan de Fryske Nynke Sietske de Vries. Nei ôfrin fan it programma wurdt om 20.00 oere twa minuten stilte yn acht nommen.

Tryater | Verloren Vader – Tom Lanoye

Om 21:00o wurdt dêrnei by Tryater (Oostersingel 70) de teatertekst Verloren Vader fan de Belgyske skriuwer Tom Lanoye foardroegen. De lêzing wurdt regissearre troch Janneke de Haan en foardroegen troch akteurs Marjolein Ley, Eelco Venema en Rik Witteveen.

Mear oer dit bysûndere teaterprogramma yn it ramt fan Nasjonale Deadebetinking lêst hjir.

Nijs

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado