Theater Na de Dam (teatrale lêzing)

Underdiel fan Theater Na de Dam, tagong fergees

Argyf
Theater Na de Dam 2019 Gearwurking tusken MEEUW jonge theatermakers en Tryater


Yn gearwurking mei de MEEUW jonge theatermakers biede we in ferdjipjend teaterprogramma yn it ramt fan de Deadebetinking op 4 maaie.

MEEUW jonge theatermakers | We’ll meet again
Om 18:30o spylje de jongeren fan de jeugdteaterskoalle nei in koarte ynteraktive ynlieding de foarstelling We’ll meet again. De jonge akteurs dienen ûndersyk nei brieven, deiboeken en tsjûgenissen fan minsken dy’t de oarloch meimakke hawwe. It ferslach fan har ûndersyk litte se sjen yn dizze teaterfoarstelling. Te sjen by de jeugdteaterskoalle oan de Oostersingel 70b. Kaarten foar dizze foarstelling fynst op har webside.

Tryater | Verloren Vader – Tom Lanoye
Om 21:00o is dêrnei de teatrale lêzing by Tryater yn it ramt fan Theater Na de Dam. Theater Na de Dam jout alle jierren in opdracht oan in toanielskriuwer foar in nije teatertekst oer de Twadde Wrâldoarloch. Dit jier hat de Belgyske skriuwer Tom Lanoye in nije tekst skreaun foar Theater Na de Dam, oer in âld-strider dy’t troch syn tanimmende demintens hieltyd minder wis wurdt fan syn oantinkens oan de Twadde Wrâldoarloch. Wat is wier bard, en wat wie syn rol ek wer? Tagong foar dizze foarstelling is fergees.

Dizze tekst, mei de titel Verloren vader, wurdt op 4 maaie om 21.00 oere yn hiel it lân op itselde momint troch ferskillende selskippen en teatergroepen foarlêzen. By Tryater wurdt de tekst foardroegen troch Marjolein Ley, Eelco Venema en Rik Witteveen, regy troch Janneke de Haan.
Tom Lanoye (1958) wennet en wurket yn Antwerpen (België) en Kaapstad (Súd-Afrika). Hy skriuwt romans, gedichten, kollums, senario’s en foar teater. Hy is ien fan de meast lêzen en eare auteurs fan ús taalgebiet en bern oan hûs by alle grutte Europeeske teaterfestivals. Syn grutte Shakespearebewurking út 1997, Ten oorlog, waard yn 2015 troch teaterbesikers, akteurs en regisseurs bekroand ta nûmer ien fan de Nederlânsktalige teaterkanon.

Betinke en teater
Theater Na de Dam is in inisjatyf fan de teatermakkers en filosofen Jaïr Stranders en Bo Tarenskeen. Yn 2010 hienen se noed oer de ôfnimmende sizzenskrêft fan de Nasjonale Deadebetinking. Mei Theater Na de Dam wurdt in besteand gebrûk út de jierren ’60 om nei de Deadebetinking tapaslike toanielteksten foar publyk te lêzen, oppakt en grutter trochset. Eardere skriuwers wienen û.o. Rik van den Bos, Rebekka de Wit en, ôfrûne edysje, Arnon Grunberg.

Sjoch foar mear ynformaasje op theaternadedam.nl

Kredits

Tom Lanoye | Janneke de Haan | Marjolein Ley, Eelco Venema, Rik Witteveen |