Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tatiana Pratley mei yngong fan 2020 nij artistyk direkteur

01 02 2019

Wy binne hiel bliid om fertelle te kinnen dat Tatiana Pratley mei yngong fan 1 augustus 2020 Ira Judkovskaja opfolgje sil as artistyk direkteur fan Tryater.

Tatiana Pratley, hikke en tein yn Fryslân (Ljouwert, 1985), mei woartels yn Frankryk, Ingelân en Poalen, is in Fryske Wrâldboarger.

Tatiana kaam al betiid yn oanrekking mei teater by Meeuw Jonge Theatermakers. Se studearre Kunst, Cultuur en Media oan de Ryksuniversiteit fan Grins en ferfolge har stúdzje oan de Regieopleiding fan de Theaterschool fan de Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten dêr’t se yn 2012 ôfstudearre.

Nei de regyoplieding kaam se by Tryater dêr’t se in fjouwerjierrich talintûntwikkelingstrajekt die. De ôfrûne jierren wie Tatiana as gastregisseur ferbûn oan Tryater. Se wie ûnder oaren mei-betinker en koregisseur fan it Iepeningswykein fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Mei Karel Hermans en Aukje Schaafsma rjochtte se yn 2015 teaterkollektyf Skoft&Skiep op dêr’t se ferskillende projekten yn Ljouwert en omkriten mei realisearre.

Tryater set mei de kar foar Tatiana Pratley de lijn troch fan romte en fertrouwen biede oan in nije generaasje keunstners yn Fryslân.

Nijs

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado