Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Socht: 4 jonges en 4 famkes (8-13 jr) foar De Iepening LF2018

24 10 2017

Tryater organisearret It Iepeningswykein fan LF2018 op 26 en 27 jannewaris 2018. Op sneontejûn 27 jannewaris is it iepeningsspektakel yn de binnenstêd fan Ljouwert. De muzikale en fisuele ferbylding fan ‘Iepen Mienskip’. Koaren, orkesten, fanfares en brassbands út Fryslân en dêrbûten foarmje mei elkoar ien grut orkest. De Iepening sil rjochtstreeks útstjoerd wurde op NPO 1 tusken 21.30 en 22.00 oere!

Wa sykje wy?

Jonges en famkes

–          tusken de 8 en 13 jier âld
–          mei in maksimale lingte fan 1,60 sentimeter
–          sûnder hichtefrees
–          mei gefoel foar ritme, muzyk en dûns
–          dy’t folslein beskikber binne op ûndersteande data

Wat moast dwaan? We bouwe in Aldehou fan steigermateriaal op pleinen yn de binnenstêd fan Ljouwert. Op elke steigertoer steane in jonkje en in famke op in balkon fan ûngefear 6 meter heech (fansels soargje wy dat de feilichheid fan de bern fersekere is). Op de steiger Aldehau wurde fierder animaasjes projektearre en der binne muzikanten en dûnsers. It ferhaal dat mei muzyk, animaasje, dûns en byldzjend spul ferteld wurdt, giet oer in jonkje en in famke dy’t de wrâld yngean, op aventoer.

Audysjes

*De earste audysje wurdt hâlden op woansdei 15 novimber tusken 15.00 en 18.00 oere. (Trije groepen fan elk 60 minuten. Op it oanmeldformulier kinst dyn foarkar oanjaan.)
*De twadde audysje (foar de bern dy’t troch binne), is op moandei 20 novimber tusken 15.30 en 18.00 oere (twa groepen).

We dogge in oantal simpele spulopdrachten om elkoar kennen te learen en om út te finen hoe’t de bern reagearje op opdrachten en oanwizingen. Dêrnei in dûnsimpovisaasje om te sjen hoe’t it gefoel foar ritme is, en we slúte ôf mei koart tegearre sjonge om de muzikaliteit te testen.

Repetysjes

*Fan 22 novimber ôf 1x  yn ‘e wike. Wy wurkje yn twa groepen: 1 groep op woansdei fan 16.00 – 17.30 oere en 1      groep op freed fan 16.00 oant 17.30 oere.
*Tusken krysttiid en âld&nij binne der gjin repetysjes, yn de twadde wike wol (1x)
*Fan 10 jannewaris oant 20 jannewaris 2x yn ‘e wike op de woansdei en de freed fan 16.00 oant 17.30 oere.
*Sneon 20 jannewaris, woansdeitejûn 24 jannewaris, tongersdeitejûn 25 jannewaris (op lokaasje). De Iepening Sneontejûn 27 jannewaris

Om’t timing en strakheid hiel wichtich binne en fan ynfloed binne op de timing fan oaren, moatte we dit faak repetearje.

Oanmelde foar de audysje kin oant uterlik 9 november o.s.

Fragen? Mail nei Ellen Heetveld  tel 058-2882335

Lokaasje audysje: Tryater, Oostersingel 70 Ljouwert

Sûnder dy kinne wy net begjinne

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado