Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

De wearde fan TRYTHIS?! - Marcissa van Schuilenburg

20 06 2017
(LR) Try This 6.0 Presentaties (Ruben van Vliet Fotografie)-31

Marcissa van Schuilenburg

‘De frijheid learde my om fierder te tinken’

By har stúdzjes Docent Theater en Dramatherapie die se twa kear mei TRYTHIS?! mei en as se tiid hie, soe se sa wer meidwaan: Marcissa van Schuilenburg.

Wat makke TRYTHIS?! foar dy sa leuk om oan mei te dwaan?
‘De earste kear wurke ik mei Tim Verbeek, dy’t ik goed ken. Dus doe ha we tegearre in hoop wille hân by it projekt. De twadde kear wie ûnder lieding fan Eelco Venema. Hy hat as makker in hiel eigen styl. Dat joech in soad nije input en ik waard echt útdage as spiler. Dat wie foar my in grutte mearwearde. It is hoe dan ek hiel leuk datst in bytsje ‘meidwaan meist’ by it selskip dêr’tst normaal net samar by spylje kinst.’

Wat is foar dy de wearde fan it TRYTHIS?!-projekt?
‘Dat der út jonge, ûnbefongen minsken wei wurke wurdt. In jonge makker dy’t in soad fan teater wit en jonge spilers dy’t der in hiel soad sin yn hawwe. Dy kombinaasje is hiel weardefol, tink ik. De regisseur wurdt útdage troch datjinge dat de jonge spilers oanleverje. Dy tinke soms hiel oars en net yn in bepaald stramyn. En as spilers wurdst útdage om nije dingen te besykjen. It stimulearret elkoar. Sa wurde der hiele leuke foarmen fûn dy’tst oars miskien net betinke kinnen hiest.’

Hast dingen leard yn it projekt?
‘Ik ha mear frijheid yn spyljen en meitsjen ûntdutsen, ik learde om fierder doare te tinken. By Tim krigen we in soad frije opdrachten dêr’t we alle materialen fan Tryater, lykas kostúms en rekwisiten by brûke mochten. Dat wie hiel gaaf, want as ik op skoalle teater makke dan hiest hast gjin spullen en no wol. Dat bea nije mooglikheden. By Eelco learde ik foaral in soad fan syn fysike wize fan spyljen. Ik waard my mear bewust fan myn lichem en wat ik dêrmei dwaan koe.’

Hoe wie it om as groep sa’n stik te meitsjen?
‘It wie hiel moai om te sjen hoe’t elkenien mei hiel ferskillende dingen kaam as we in frije opdracht krigen. We hienen allegear deselde opdracht, likefolle tiid en de resultaten wienen folslein oars. Hiel ynspirearjend wie dat.

Fierder die ik it projekt echt om sels dingen te learen. Minder foar de gesellichheid. Ik kaam om wat te heljen by Tryater. Ik hie ferlet fan ferdjipping. Ik bin mysels dêryn ek wol tsjin kaam. Soms mei ik mear beseffe dat it net hoecht om oeral it bêste fan mysels sjen te litten.

Trochdatst mei safolle ferskillende minsken wurkest, learst ek om gear te wurkjen. Elkenien wurket oars en fynt oare dingen noflik. Dêr moatst dan mei elkoar in middenwei yn fine. Elk persoan hat ek syn eigen kwaliteiten, ik ha leard om myn plakje dêryn te finen. Hoe’t ik mei wat ik kin wer by in oar oanslute kin.’

Hoe fûnst it om út in persoanlike ynfalshoeke wei te wurkjen?
‘Ik fûn dat hiel nijsgjirrich. It past ek by de dramaterapy-oplieding dy’t ik no dien ha, dêr is dat hiel normaal. Ik murk dat ik it ekstra leuk fûn omdatst de ferdjipping yn dysels sykje kinst: hoe sjoch ik tsjin dit tema oan? Hoe kin ik in persoanlik ferhaal op it poadium bringe en it omfoarmje nei wat grappichs of geks? Troch de persoanlike ynstek learst elkoar goed kennen en wurdst hechter. It soarget ek foar in bepaalde echtheid op it poadium dy’t ik hiel moai fyn om te sjen.’

Wat is foar dy it TRYTHIS?!-gefoel?
‘It projekt hat wat boartliks en ek wat stikems. Kinst ‘oankloaie’ yn in profesjonele omjouwing en meist dingen dy’tst normaal net dwaan kinst. Dat is hiel leuk. Dêrneist is it projekt ek hiel persoanlik troch de wize fan wurkjen, do as minske wurdst as útgongspunt nommen.

Ik tink dat it ek in wurksum yngrediïnt fan TRYTHIS?! is. Dat makket it tagonklik. Want elkenien hat wol in eigen miening, in eigen passy of in bepaald byld by wat. Elkenien hat oantinkens. Mei in bytsje stjoer troch in makker kinst dêr wat moais fan meitsje.’

MARIT DE WEERD

 

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado