Loading...

De wearde fan TRYTHIS?! - Mariska Duin

20 06 2017
TRYTHIS | Tryater | Mariska Duin

MARISKA DUIN

‘Ik bin supporter wurden fan Frysk teater’

Op in vintage learen bankstel yn de kantine fan de NHL Hogeschool moetsje ik Mariska Duin. Se studearret der oan de oplieding Docent Theater. Twa kear die se mei oan TRYTHIS?!, wêrfan de twadde kear yn it trajekt foar spilers dy’t al faker oan it projekt meidienen.

 

Doe’t se foar it earst meidie, die se dat foaral út praktyske redenen. ‘Ik wie dwaande mei it ûntdekken fan regystilen.’ Yn har oplieding moast se nammentlik sels regissearje, ‘fia TRYTHIS?! hope ik nije hânfetten te krijen foar myn eigen regyprojekt.’ Dat slagge, fertelt Mariska. ‘De regisseur wurket mei dy, jout opdrachten en sa ûnderfynst sels wat de wurking fan wat wêze kin. Dêrby is it hiele projekt in útwikseling fan kennis oer teater. Krijst in soad nije ynsichten.

Bliid fertelt se dat se troch Tryater yn kontakt kommen is mei leeftiidsgenoaten dy’t ynteressearre binne yn kreativiteit, teater en sels toanielspylje. ‘Ien fan de spilers foar myn eigen regyprojekt ha ik by TRYTHIS?! kennen leard. Se komt fan in oare oplieding (Creatieve Therapie) en troch har is myn fyzje op teater ek wer feroare. Sy wurdt terapeut, ik wurd makker. Wer in oare dielnimmer hie noch noait spile. Al dy ferskillende minsken ynspirearje elkoar en leare fan elkoar.

Witst wat ek fijn aan TRYTHIS?!is?’ freget se my ynienen retoarysk. ‘Dat it yn sa’n koart tiidsbestek is. Elkenien sit mei folle aginda’s, de studinten hielendal. TRYTHIS?! kinst der maklik tuskentroch dwaan. Dus foar ien dy’t even besykje wol oft it wat foar him of har is, is de drompel ek leech.’ Se tinkt even nei en giet dan fierder: ‘en hearst dochs even by Tryater, fielst dy dan bêst wat.’

 

Gemoedlik

Doe’t Mariska foar it earst it gebou fan Tryater binnenstapte, krige se fuort in goed gefoel. ‘Krijst daliks de yndruk dat dêr wolris in buorrel dronken wurdt en dat der goede, nijsgjirrige petearen fierd wurde.

Wurdst troch it koarte en persoanlike trajekt in hechte groep spilers, fertelt se. ‘Dêrby is it gewoan super goed regele. Sa ytst bygelyks foar de presintaasjejûn mei elkoar. Troch dat soarte fan dingen boust in enoarme bân op.’

Dat TRYTHIS?! net foar teaterprofessionals is, mar krekt foar elkenien, is neffens Mariska hiel belangryk. ‘It is in hiel feilige omjouwing om dingen te besykjen.’ Ek as se achterôf nochris fragen hat, soe se sa nochris kontakt opnimme mei ien fan de regisseurs. ‘It biedwurd by it projekt is ek min ofte mear we’re gonna try, dus meist flaters meitsje, dat jout in hiel soad frijheid.

Kontakt mei de mienskip

Yn hiel koarte tiid learst as groep wat te meitsjen. Learst dy te ferbinen oan it tema. Mar  ferbynst dy ek oan de mienskip der omhinne,’ fertelt se.

TRYTHIS?! slút wat tematyk oanbelanget altyd oan by in foarstelling fan Tryater dy’t op dat stuit spilet. De studinten dy’t meidogge oan it projekt sjogge dêrom ek by dy foarstelling. ‘Kinst nei de foarstelling mei de makkers prate en omdatst al by de groep fan Tryater sitst, is dat hiel leechdrompelich.’ It jout ek in ekstra diminsje oan it projekt. Troch de foarstellingsbesite giet it fierder as sels besykjen fynt se, ‘leist ferbannen, it is in stikje ferdjipping.

By sa’n foarstelling kaam Mariska ek yn kontakt mei in tal fêste Tryater-besikers. It liet har op noch in oare wize nei de wearde fan it selskip sjen. ‘De minsken dy’t ik spruts hienen echt in bân troch de Fryske taal, se foarmje in community.’ Hoewol’t se sels út Fryslân komt, praat se de taal net, ‘it is echt sa dat ik troch TRYTHIS?! de Fryske taal leare sil. Troch de kontakten mei it bedriuw, it publyk en de taal bin ik my folle mear oan it binen oan de omjouwing, oan Fryslân.’ Laitsjend giet se fierder: ‘Ik bin gewoan supporter wurden fan Frysk teater.’

 

RAYMOND MULLER

Nijs

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

18 12 2024

Toanielferienings en spilers socht!

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

15 10 2024

Presentatiedag Jeugdtheater

Tryater, Het Houten Huis en Peergroup presenteren ‘een sterk staaltje jeugdtheater uit het Noorden’ Maandag 4 november a.s. presenteren Tryater,…

09 10 2024

Joop Wittermans yn aksje foar ús crowdfunding jubileumboek

Joop Wittermans, wa ken him net? De akteur stie yn ‘e begjinjierren al op de planken by Tryater. En noch…

25 09 2024

Inspirerende samenwerking met maatschappelijke partners  

De komende maanden hebben we veel bijzondere workshops in de planning staan en openen we de deuren voor onze maatschappelijke…

13 09 2024

Gouden Wykein foar betûfte amateurspilers

It Gouden Wykein fan Tryater is dit jier op 17, 19 & 20 oktober. Betûfte amateurspilers ûntwikkelje yn it Gouden…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado