De wearde fan TRYTHIS?! – Daan van Gent
20 06 2017DAAN VAN GENT
‘EIkenien is hjir gelyk’
Hy wurket sûnt twa jier as hûsmaster by Tryater. Of ‘floormanager’, sa’t er sels leaver seit. Yn it TRYTHIS?!–projekt liet er syn kollega’s bewust in hiele oare kant fan himsels sjen: Daan van Gent.
‘Doe’t TRYTHIS?! foarby kaam, fûn ik it fuort hiel nijsgjirrich: sa koe ik net allinne jonge minsken treffe, mar ek mei makkers fan hjir wurkje. Want neist myn wurksumheden as hûsmaster spylje ik sels ek. Ik folge yn Amsterdam de teateroplieding oan De Trap en dêrnei bin ik foar de leafde nei Fryslân kommen.
Yn 2015 die ik foar it earst mei oan TRYTHIS?! Under regy fan Tim Verbeek makken we in foarstelling basearre op Heimwee nei Hurdegaryp (in foarstelling fan Tryater). Ofrûne jier die ik op ’e nij mei ûnder regy fan Tim en Karel Hermans. Dizze kear wie ús presintaasje ferbûn oan De Wierheid fan Wylgeragea.‘
Wat makke datst in twadde kear meidien hast?
‘By de earste foarstelling spilen we oer saken fan eartiids en ús jeugdoantinkens. Wat ik hiel nijsgjirrich fûn, is datst echt hiel djip giest. Yn dyn eigen oantinkens, mar ek op it mêd fan spyljen. Dat komt hiel bot by elkoar. Dat makke it foar my in hiel nijsgjirrich projekt om oan mei te wurkjen.’
Wat hat de wearde fan TRYTHIS?! foar dy west?
‘De wearde siet deryn dat ik mysels op in oare wize sjen litte koe, oan kollega’s en oan publyk. Wa’t ik as persoan bin en wat ik noch mear doch útsein kofje skinke. Dat fûn ik wol belangryk foar it teamferbân en ek foar mysels. En dêrneist it moetsjen fan minsken fan deselde leeftiid dy’t de passy foar teater diele.’
Hast dingen leard yn it projekt?
‘Ja, ik ha leard om nei it non-ferbale hâlden en dragen fan minsken te sjen. Nei de eagen en de hâlding. Dêr kinst ien mei ‘lêze’. Troch it projekt learst elkoar hoe dan ek op in oare wize kennen. Soms komst dingen te witten dy’tst hielendal net by ien ferwachte hiest. Ik hâld dêrfan. Faak is it by produksjes sa dat it kontakt op in stuit ferwetteret. By Tryater is dat net sa. It skept in soarte fan bân dy’t trochgiet nei it projekt.
Fierder ha ik ûntdutsen dat ik my gefoelich en kwetsber opstelle kin nei oaren ta. Ik kin in goed lústerjend ear biede oan in groep. Dat joech my ek de befêstiging dat ik bêst goed yn in groep lis.‘
Hoe is it om as groep sa’n stik te meitsjen?
‘Foaral de earste kear wie der in hiele fijne ferbining as groep. Earst kenst elkoar fansels hielendal net. Mar geandewei praatst oer de ûnderfiningen en gefoelens fan elkoar en dan kinst nei elkoar ta groeie. We kamen wolris by elkoar thús oer de flier. Of we gienen allegear nei it repetearjen noch even de stêd yn foar in pilske of wyntsje. Foar my persoanlik wie dat wol in mearwearde.
Dat sosjale is ek wat Tryater mei elkoar ferbynt. It is in plak dêr’t elkenien by elkoar komt dy’t ferbûn is oan it selskip. Elkenien is hjir gelyk. Moarns allegear gesellich kofjedrinke, altyd mei in brede glimlaits. It is hjir altyd elkenien mei elkoar. Dat skûlet yn alles dat fan Tryater is, ek yn dit projekt. Dêrom fyn ik it belangryk dat it der is.’
Wat is foar dy it ‘TRYTHIS?!-gefoel’?
‘Op in hiele feilige, fijne en gave manier ferbûn wêze oan it selskip Tryater.’
MARIT DE WEERD