Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Hiel Fryslân wurdt ûnderdiel fan it Iepeningswykein LF2018

23 06 2017

De iepening fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wurdt in feest foar de hiele provinsje. Op 26 en 27 jannewaris organisearje Leeuwarden Fryslân 2018 en Tryater de ûvertuere fan it kulturele jier; yn Ljouwert én yn de rest fan Fryslân. Op freed stiet de provinsje sintraal, sneon binne de feestlikheden yn Ljouwert.

Tryater wurket al moannen oan de tariedingen fan it iepeningswykein, dêr’t it tema ‘Iepen Mienskip’ yn ferbylde wurde sil. Tryater wurket mei itselde artistike team (Ira Judkovskaja, Tatiana Pratley, Jan Ros, Linda Eijssen, Koos de Vries) dat ek de strjitopera De IIsfoarstin foarmjoech (Ljouwert, 2014). De komponisten Sytze Pruiksma en Peter Sijbenga dienen earder mei oan de Tryater-produksje 11Stêdetocht (Fryslân, 2008).

It Iepeningswykein fan Leeuwarden Fryslân 2018 markearret op feestlike wize de start fan it kulturele jier dat op freed 26 jannewaris begjint. Op dy dei wurdt de jongste generaasje – de bern fan alle basisskoallen yn Fryslân – belutsen by it sjongen fan it Leeuwarden Fryslân 2018-liet fan Sytze Pruiksma en Nynke Laverman.

Dyselde dei stiet yn it ramt fan ferhalen. Oan de hân fan bysûndere objekten sille yn de musea fan Fryslân, mar ek yn huzen fan samlers, ferhalen dield wurde dy’t neffens ynwenners fan de provinsje mei de takomst yn moatte; ferhalen dy’t it ferskaat en de ferbining fan ús (Iepen) Mienskip ferbyldzje.

Sneon 27 jannewaris
Om in byld te jaan fan it kulturele jier binne der ûnferwachte optredens en presintaasjes yn de Ljouwerter binnenstêd. As in ‘aventoer fan it hiele jier’ sille projekten presintearre wurde dy’t te sjen binne yn de rin fan 2018.

It hichtepunt fan It Iepeningswykein is de muzikale en fisuele ferbylding fan ‘Iepen Mienskip’, it tema fan Leeuwarden Fryslân 2018. Op de fraach fan Leeuwarden Fryslân 2018 en Tryater oan in protte Friezen wat ‘Iepen Mienskip’ foar har betsjut, joegen in soad minsken oan dat dat slagge is wannear’t it slagget om nei elkoar te lústerjen. Om dêr ynfolling oan te jaan is der gjin bettere wize as om mei elkoar muzyk te meitsjen.

Yn de binnenstêd fan Ljouwert foarmje koaren, fanfaren, orkesten, brassbands út Fryslân en dêrbûten mei elkoar ien orkest. De muzyk fan dit stedsbrede orkest wurket mienskiplik ta nei it Leeuwarden Fryslân 2018-liet fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma.

Foar Leeuwarden Fryslân 2018 en Tryater is de manier dêr’t It Iepeningswykein foarm yn krijt it kenmerk fan it begjin fan it kulturele jier. Dat betsjut dat we elkoar opsykje, lústerje en dielnimme. Mei elkoar falt der wat te fieren. Dêrfoar hawwe we elkoar nedich, it hiele jier, en ek dêrnei.

 

Meiwurkje oan It Iepeningswykein? Klik hjir!

 

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado