Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Undersyk nei de ynteraktive ynset fan social media oangeande keunstaktiviteiten

21 11 2016

Tryater docht mei oan ‘Ruimte voor Dialoog’, in ûndersyk fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden yn gearwurking mei Stenden. Doel fan it ûndersyk is om te sjen hoe’t social media oangeande keunstaktiviteiten ynteraktyf makke wurde kin. Tryater ûndersiket dat oangeande de produksje De wierheid fan Wylgeragea. Neist Tryater dogge ek Keunstwurk en it Fries Museum mei. Nei dizze earste ‘case’ docht Tryater yn de hjerst fan 2017 op ’e nij mei oan it ûndersyk mei ien fan de reisfoarstellingen.

Ruimte voor dialoog

Keunstorganisaasjes binne de lêste jierren hieltyd mear mei klam begûnen te kommunisearjen mei besikers. It docht bliken dat de kommunikaasje lykwols benammen ienrjochtingsferkear is. De marketing- en edukaasje-ôfdielingen sykje dêrom nei nije manieren om relaasjes mei besikers foarm te jaan en in aktive dialooch ta stân te bringen oangeande – yn it gefal fan Tryater – foarstellingen.
It ûndersyksprojekt rjochtet him dan ek op it ûntwikkeljen fan in (digitale) wurkwize wêrbinnen’t de ynteraksje tusken Tryater en de besikers én de besikers ûnder elkoar foarm krijt.

It projekt slút oan by de doelstellingen fan Kulturele Haadstêd 2018 dat stribbet nei ‘iepen mienskippen’, dêr’t organisaasjes en yndividuen yn dialooch mei elkoar sykje nei in nije oanpak foar kulturele, ekonomyske en ekologyske útdagingen.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado