Foar, op en nei Explore the North: HOMSK
09 11 2016So Happy Together fan HOMSK spilet as satellyt fan Tryater foar, op en nei Explore the North yn de loads fan it Tryatergebou oan de Oostersingel 70 yn Ljouwert.
Kaarten binne te keap op www.explorethenorth.nl.
So Happy Together fan HOMSK is in tsjustere keukenkomeedzje oer it troude pear Cas & Dorien. It publyk krijt in yntime ynkyk yn it wol en benammen wee fan har relaasje. Yn in letterlike striid sykje se nei in manier om tichter by elkoar te kommen of krekt los te litten. So Happy Together toant de absurde wrâld fan in ûntspoarde relaasje en stelt lûdop de fraach oft ivichduorjende leafde überhaupt bestean kin. So Happy Together giet yn premjêre op festival Explore the North.
De kommende edysje fan Explore the North is op freed 25 en sneon 26 novimber yn de binnenstêd fan Ljouwert, mei Neushoorn as nagelnij festivalhert. Ferdwaal yn en bedwelmje dysels mei it bysûndere programma op unike lokaasjes. De kaartferkeap is al begûn.
Op Explore the North is in ferkoarte ferzje te sjen fan de foarstelling, dêrbûten de folle lingte.
Tekst: Eelco Venema
Regy: Thomas van Ek
Spul: Marjolein Ley en Eelco Venema
Muzyk: Douwe Dijkstra
Dramaturgy: Inés Sauer
Foarmjouwing: Sarah Nixon
Ljochtûntwerp: Sanne Hensen
Technyk: Aart Laferte
Visuals: Sjoerd van der Veen
Fotografy/film: Johanneke Dijkstra
Oer HOMSK:
HOMSK is oprjochte troch akteur/teatermakker Eelco Venema. HOMSK makket foarstellingen út eigen repertoire wei, skreaun ticht op de eigen hûd. Ferwachtsje fysyk teater, poëtyske en absurdistyske teksten mei in rau rantsje, muzyk, dûns en yllúzjonisme. HOMSK spilet it leafst teater op lokaasje foar in lyts publyk. De akteurs spylje ticht op it publyk en steane garant foar in yntinse en yntime teaterbelibbing. In weromkommend tema yn it wurk fan Eelco Venema is ‘befrijing’. Befrijing fan in pine, in wûne út it ferline of de befrijing fan de banaliteit fan it deistige. Yn de stikken fan HOMSK is altyd de hope en it langstme nei dy befrijing oanwêzich. It is dy hope, dy’t ús treast jout, likegoed as makker en as taskôger. Parallel oan de foarstellingen wurdt materiaal ûntwikkele yn ferskate keunstdissiplines (fotografy, film, muzyk) dy’t de totaalbelibbing fan de úteinlike foarstelling fersterkje moatte. Ek wurde spulworkshops oanbean út de tematyk en de spylstyl wei, dy’t HOMSK oanhinget.
Oer Explore the North:
Froast op klomphichte, dauwe op lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de inerlike minske him oan waarmje kin! Explore the North is werom yn Ljouwert en brûkt de binnenstêd as prachtige list foar de bêste skriuwers, muzikanten, dûnsers en akteurs. Keunstners en artysten fan fier fuort, fan om de hoeke, mar leaver noch in kombinaasje fan beide, komme nei Ljouwert om har keunsten te fertoanen en nij wurk te meitsjen. Oan jo de taak om yn dit spinreach fan steechjes en literatuer, fan tsjerkjes en muzyk, it rjochte paad te ferlitten.