Ynspirearjende dosintebuorrel
11 06 2025
Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset, mbo- en hbo-ûnderwiis foar de jierlikse dosintebuorrel. Dit jier by Meeuw Jonge Theatermakers yn hûs, op de Oostersingel 70B.
By de buorrel krigen de oanwêzigen in sneak peek fan it oanbod foar kommend seizoen. Tryater presintearre de nije 14+ foarstelling LOFT. Loft is in grappige en fantasyrike foarstelling oer romte nedich hawwe, wolken yn ’e holle en kontakt hâlde wannear’t dat dreech wurdt.
Regisseur Loek de Bakker fertelde mei Jannie van der Veen (Edukaasje & Ynteraksje) wat oer de tematyk fan de foarstelling oer in aktueel tema: in groeiend tal jongeren yn Fryslân sit om alderhande redenen lang thús. Wat as it even net slagget om ferbining te meitsjen? Akteurs Tim Helderman en Sweder de Sitter spilen in fragmint út de nije klassefoarstelling fan Tryater en sleaten de sneak peek ôf. Loft is foar takom skoaljier te boeken foar learlingen fan 14 jier en âlder yn de boppebou fan it fû, mbo en hbo. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Nei de presintaasje fan it oanbod troch Tryater, Meeuw jonge teatermakkers en Stadsschouwburg De Harmonie binne de teätermakkers mei de dosinten yn petear gien nei oanlieding fan in krante-artikel oer heftige reaksjes fan jongeren op teäterfoarstellingen. Mei elkoar ha we praat oer hoe’t we as teätermakkers en skoallen oplûke kinne om in teäterbesite goed ferrinne te litten. Watfoar ferantwurdlikheid leit by wa? En hoe krijst as skoalle ek dyn managementteam mei yn it nei foarstellingen ta gean dy’t gefoelige ûnderwerpen beljochtsje. In weardefolle útwikseling.
Ut namme fan Tryater, Meeuw jonge teatermakkers en Stadsschouwburg De Harmonie, tank oan alle dosinten foar har komst en belutsenheid. Op nei in nij teäterseizoen mei moai oanbod foar ús jongeren!
Ek benijd wurden nei it oanbod foar fû, mbo en hbo troch Tryater? Besjoch dan hjir ús nije Jeugd & Jongeren brosjuere seizoen 25 -26 online.