Yn de LC: 'Under Wetter': wat joust troch?
09 05 2022De lokaasjefoarstelling Under Wetter fan Tryater giet oer grutte tema’s: klimaatferoaring, mienskip, foarútgong, de takomst fan de iisbaankultuer, en wat joust troch? Tsjin in prachtdekôr.
By in foarstelling oer in iisbaan treft it net sa min, mar it is kâld dizze dei. Dochs wurdt der fansels gewoan repetearre, op de iisbaan fan Wergea. ,,Ga maar zitten”, seit immen fan de produksje, ,,de stoeltjes hebben stoelverwarming.” Grapke. Der binne oars aardich wat stuoltsjes: 624 om krekt te wêzen. De iisbaan is grut en dus is it spylflak ek grut. Dat komt goed út, sa docht bliken by dizze repetysje, dêr’t omraak draafd, fytst, fochten wurdt.
,,Er is één ding met deze scène aan de hand”, ropt Tatiana Pratley, regisseur, troch in mikrofoan. ,,En dat is: gas geven. Gas met die handel. Een bak energie, de urgentie moet eraf knallen. Jullie moeten het publiek altijd een stap voor zijn, ze overrompelen.”
It ferhaal spilet him ek ôf op in iisbaan. It giet oer it plak dy’t dy ynnimt yn de mienskip fan it doarp, de takomst dêrfan yn in opwaarmjende tiid en de wrakselingen dy’t de mienskip dan ferskuorre. Yn it ferhaal heart dizze iisbaan by de boerepleats fan Afke, spile troch Tamara Schoppert, dy’t fan har finansjeel adviseur ynflústere kriget dat it foar it behâld fan har boerebedriuw de baas is en ferkeapje dat terrein, om dêr huzen delsette te litten – enerzjyneutraal
fansels.
~ Tekst: Jacob Haagsma LC
~ Foto: Hoge noorden/ Jaap Schaaf
» Meer lezen? Klik dan hier.