Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

03 06 2025
Kees Roorda aan het woord

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by de gearkomste it ferhaal achter de foarstelling en lei út wêrom’t it foar him fan grut belang wie om krekt dizze foarstelling oer Foekje Dillema te meitsjen.

Kees fertelde it publyk hoe’t it idee foar de foarstelling ûntstie. By in fytstocht troch de Fryske Wâlden yn de koroanaperioade foel syn each op it monumint fan Foekje Dillema by it satellytpaad yn Boerum. It ferhaal fan Foekje rekke him, benammen it ûnrjocht dat har oandien wie en alle fragen oer wat se trochstean moast. Dat ynspirearre Kees om by Tryater oan te klopjen mei it foarstel om in foarstelling oer har te meitsjen, krekt yn Fryslân. En sa barde it. Tryater omearme it idee en mei Kees en regisseur Jos van Kan waard it artistike proses op gong brocht.

Ek Yke Bremer en Pieter Anko de Vries wienen oanwêzich. Beide wienen doarpsgenoaten fan Foekje Dillema en hienen gymles fan har hân. Sy dielden har oantinkens oan Foekje, lykas har karakteristike wize fan lesjaan. “We moasten altyd marsjearje op de maat en as se dy by de earm pakte, koe se soms krekt wat te hurd knipe. As bern wisten we dat we by Foekje absolút net ‘belletje lellen’ moasten, omdat we wisten dat se hurd drave koe,” fertelden se. Ek joegen se oan dat Foekje foar bern fanselssprekkend wie: Foekje wie gewoan Foekje. Pas letter, doe’t se âlder wienen, beseften se wat Foekje allegearre meimakke hie, mar dêr waard har destiids noait nei frege.

By de ynlieding waarden ek oantinkens út it publyk dield, lykas gedachten oer it ûnrjocht dat Foekje oandien wie. It wie in slagge ynlieding dy’t de jûn goed begûn.

De Colle
Publiek bij inleiding Foekje in Kollum
Kees Roorda aan het woord
Inleiding Foekje in Kollum
Aanwezigen koe
Vrouw aan het woord

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado