Weromsjen: kick-off Ienakterfestival
20 05 2025
Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma stiet. Fiif skriuwers (Doutsen van Gosliga, Raymond Muller, Maaike Bergstra, Sanne Schuhmacher en Wessel de Vries) skreaunen spesjaal hjirfoar nagelnije ienakters.
Op de gearkomste kamen de skriuwers en de njoggen dielnimmende amateurtoanielgroepen foar it earst mei-inoar yn’e kunde. Nei de presintaasje fan de stikken hearden de groepen mei hokker stik se oan de slach gean. Ek wie der romte foar in earste lêzing tegearre mei de skriuwer.
Fansels mochten de groepen net mei lege hannen nei hûs. Dêrom soargen wy foar in EHBE-pakket: ‘eerste hulp bij eenakters’.
It wie in slagge jûn! Op nei novimber, dan sjogge wy inoar yn it Gouden Wykein.