Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Utnûging skriuwersworkshop

17 03 2022

Meikoarten spilet Tryater de foarstelling Under Wetter op de iisbaan fan Wergea. By de foarstelling wurdt in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Do sjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop. Uteinlik wolle we dyn skreaune tekst hearre litte by in ynteraktive ferhalerûte.

Wat we dogge
Kenst noch it krassende lûd fan Fryske houtsjes? Kinst dy noch heuge dat hiele lange iispylken oan de daksgoate hongen? Wat is dyn waarmste iisoantinken? By de workshop fertelt Wessel de Vries, de skriuwer fan it stik, oer it kreative proses fan de teatertekst. Dêrnei silst mei workshopdosint Sytse Jansma sels op syk nei waarme iisferhalen fan eartiids, fan no en fan de takomst. Ferkenst de ferskillende tematiken dy’t yn de foarstelling oan bod komme en ferwurkest dy yn in koart ferhaal.

De resultaten wolle we graach presintearje yn Under Wetter Kuierferhalen, in ynteraktive kuierrûte dêr’t ferhalen yn te beharkjen binne. In redaksje lêst mei dy mei om dyn tekst sa goed mooglik útkomme te litten.

Wat foar dy?
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling, besjochst de foarstelling (try-out) en silst mei in groepke oan de slach om in nijsgjirrich koart ferhaal te skriuwen. Dus hâldst fan skriuwen en teater? Fynst it moai om oare skriuwers te moetsjen? Dan gean we graach mei dy oan de slach.

Oanmelde
De workshop is tongersdeitejûn 7 april yn it gebou fan Tryater. De foarstelling (try-out) is tongersdeitejûn 12 maaie op de iisbaan fan Wergea. Wês der gau by, want maksimaal 20 skriuwers kinne meidwaan.

Meidwaan? Jou dy dan op foar 1 april troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma (s.jansma@tryater.nl). Dêrnei krijst mear útlis. Kosten: € 30,00 (ynklusyf foarstelling en workshop)

Nijs

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado