Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

04 07 2025
Afbeelding van een koorddanser uit Abe!

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân brûst fan de plannen: der wie troch allerhanne partijen oanfrege. Yn ‘e moarn koene oanfregers dy’t neat of minder krigen skille wurde, wêrmei’t hiel kultureel ûndernimmend Fryslân oan ‘e telefoan fêst siet.

Wy kinne wilens sizze dat ús plan foar de oankommende tiid by de provinsje goed oankaam en we hiel bêst fierder bouwe kinne op wat Tryater yn de ôfrûne sechtich jier delsette. Hjirmei sjogge wy ús jubileumseizoen, dat nei de simmer begjint, fol betrouwen yn ‘e mjitte. We binne tankber en fiele ús sjoen troch de hast 100% skoare en de positive beoardieling:

‘De commissie beoordeelt de artistieke kwaliteit als uitmuntend. De “Tryatermethode” heeft veel navolgers opgeleverd in Fryslân en verdient complimenten. Het is zeldzaam hoe uitgebalanceerd het werk van Tryater is. Tryater werkt in een lange traditie en dat doen ze prachtig. Hoge kwaliteit blijkt al meer dan twintig jaar een constante te zijn.’

We lokwinskje ús kollega’s dy’t likegoed in posityf berjocht krigen fan herten.

Tagelyk libje we mei, mei ús kollega’s dy’t har no op ‘e nij skikke moatte om harren publyk te betsjinjen. Mei-inoar meitsje we in moai en sterk kultureel Fryslân, nettsjinsteande no en dan grutte útdagingen, en hâlde dêrby mei elkoar de kulturele kwaliteit en leefberens heech.

Nijs

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado