Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!
12 05 2025
Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje oan te freegjen fia de regeling Frysk foar no en letter.
Foarich skoaljier makken in soad skoallen al gebrûk fan dizze regeling, benammen foar Kultueredukaasje.
Dit is dé kâns om ek dit skoaljier maksimaal €2.500,- te ûntfangen foar kultueredukaasje foar dyn learlingen! En it moaiste? De subsydzje wurdt foar 100% fergoede.
Hoe setst it yn?
By Tryater kinst dizze subsydzje ynsette foar ús prachtige foarstellingen en/of rûnlieding troch ús teäter plus workshops dy’t oanslute by it Taalplan Frysk 2030.
Sa joust dyn learlingen in kulturele ûnderfining dy’t net allinne leuk is, mar har ek tichter by de Fryske taal en kultuer bringt.
Hoe wurket it?
- De regeling biedt skoallen de mooglikheid om oant €2.500,- oan kultueredukaasje oan te freegjen.
- De ynskriuwperioade rint fan 31 maart o/m 13 juny.
- Mear ynformaasje en oanfreegje? Klik op dizze link: Subsidieregeling Frysk foar no en letter – Taalplan Frysk 2030
Mis dizze kâns net en lit dyn learlingen genietsje fan ús oanbod. De nije brosjuere mei dêryn it oanbod foar skoaljier ’25-’26 is hjir te besjen. Foar de oanfraach alfêst mear ynformaasje of in frijbliuwende offerte nedich? Dat kin! Nim dan kontakt op mei edukaasje@tryater.nl
