Tryater siket: Twa leden fan de Ried fan Tafersjoch
20 05 2021It meartalige, yn Ljouwert fêstige teaterselskip Tryater makket diel út fan de lanlike kulturele basisynfrastruktuer. Wy spylje goed 270 kear yn it jier op alle tinkbere lokaasjes, foar sa’n 25.000 bern, jongeren en folwoeksenen. Tryater is in stichting mei twa direkteur-bestjoerders. In Ried fan Tafersjoch is it tafersjochhâldende, kontrolearjende en advisearjende heechste orgaan. Mei yngong fan augustus 2021 is plak foar:
Twa leden fan de Ried fan Tafersjoch
It iene lid is belêste mei finansjele saken, de oare is ekspert op it mêd fan diversiteit en ynklúzje. Yn beide gefallen is affiniteit mei teater en de Fryske taal fereaske. De funksjes binne om de nocht. Reagearje kin oant moandei 14 juny 12.00 oere. Sjoch foar de folsleine profilen en de proseduere op: tryater.nl/vacatures