Tryater siket sprekkers fan Fryske taalfarianten
04 10 2023Foar in communityprojekt oer taal siket Tryater minsken fan ferskaat plûmaazje dy’t in Fryske streektaal behearskje en dêr fan jannewaris oant en mei maart wat moais mei meitsje wolle.
Yn it ramt fan it Europeeske projekt Phōnē produsearret Tryater de performance Wurden, oer it Frysk en al syn fariaasjes. Nei in tal útfierings yn maart yn it eigen gebou yn Ljouwert reizget it nei Tirol. Yn july is dêr in grut ynternasjonaal barren fan Phōnē, dêr’t Wurden yn opnommen wurdt.