Tryater op Oerol
31 05 2016
Tryater stiet dizze kear mei in programmaûnderdiel fan Gebied B op Oerol. Gebied B beweecht har yn de romte tusken keunst, publyk en aktualiteit, sa’t harren website fermeldet. Sy binne al sûnt in pear jier oanwêzich op Oerol.
Yn dit ûnderdiel mei Tryater giet it om kennisútwikseling oer partisipaasje en ferdjipping yn teater. It partisipaasje-projekt In Bosk fan minsken fan Tryater is de ynspiraasje foar fragen en petearen oer de dilemma’s en útdagingen fan partisipaasje- en ferdjippingsprogramma’s om teaterfoarstellingen hinne. Wat is partisipaasje? Wurdt dat brûkt as marketingtool of helpt it om nei te tinken oer it tema fan de foarstelling. Hoe kinne je soargje foar djipgong en tagonklikheid? En wa moat soks organisearje?
De middei is bedoeld foar makkers, edukatoaren, selskippen en ynteressearren. Petearlieder: Karlijn Benthem
Op 13 juny yn de Serre op Westerkeijn fan 15.00 oant 17.00 oere.