Ienakterfestival 19-22 maart ‘26
05 02 2025
Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival fan 19 o/m 22 maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild. Ta eare fan it 60-jierrich jubileum ha fiif toanielskriuwers, sa as bygelyks Wessel de Vries en Raymond Muller, in ienakter skreaun. Sân toanielferienings en twa groepen fan ‘losse’ amateurspilers sille as earste mei de ienakters wurkje.
Yn maart 2026 wurde alle fiif de ienakters opfierd op it Ienakterfestival yn ús gebou yn Ljouwert. Spilers en regisseurs krije yn dizze perioade dêrnjonken ferdjipjende masterclasses.
Dielnimmers
De folgjende groepen sille fan 15 maaie 2025 ôf oan ‘e slach:
- Tonielgroep Verder út Drachten
- De Pionier Theatercreaties út Dokkum – jongerein
- De Pionier Theatercreaties út Dokkum – folwoeksenen
- Stichting Nut en Genoegen út Easterlittens
- Kom mar op! út Suwâld
- Theater in de wijk út Ljouwert
- Nij Libben út Jellum/Bears
- Twa gelegenheidsgroepen fan ‘losse’ amateurspilers
Mear witte?
