Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater Tagonklik

By Tryater fine wy it wichtich dat elkenien fan teäter genietsje kin, ûnôfhinklik fan de persoanlike situaasje. Dêrom wurkje wy gear mei ferskate organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterûnderfining. Wy dogge alles wat wy kinne om ús foarstellingen sa tagonklik mooglik te meitsjen foar in sa breed mooglik publyk.

Hast spesjale winsken of fragen oer tagonklikheid? Lit it ús witte! Ast yn it foar oanjoust datst komst, kinne wy rekken hâlde mei dyn spesifike winsken. Stjoer in e-mail nei Hilly Kronemeijer, sy helpt dy graach fierder mei fragen of ekstra ynformaasje oer de tagonklikheid fan ús foarstellingen. Wy tinke graach mei dy mei oer hoe’t wy dyn teäterûnderfining sa tagonklik mooglik meitsje kinne.

By ús foarstellingen jouwe wy oan hokker fan ûndersteande tagonklikheidsopsjes beskikber binne.

FOAR BESIKERS DY’T MIN RINNE

Rolstoelplakken: Wy hawwe rolstoeltagonklike plakken op ús lokaasjes.

FOAR BESIKERS DY’T MIN HEARRE

Roger gehoorondersteuning (Phonak): Foar minsken dy’t min hearre, biede wy de Roger gehoorondersteuning oan. Dit is in ringlieding fia in mobile ûntfanger dy’t soarget foar bettere fersteanberheid by de foarstelling.

De Roger gehoorondersteuning kin op twa manieren brûkt wurde:

  • Mei dyn eigen gehoarapparaat yn de T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
  • Mei in koptelefoan. Wy hawwe koptelefoans, mar it is ek mooglik om in eigen (net triedleaze) koptelefoan oan te sluten.

Tolk Nederlandse gebarentaal: By in soad foarstellingen biede wy in tolk Nederlandse gebarentaal oan fia smart glasses.

*Wichtich: Hast in gehoarapparaat? Kontrolearje oft dyn apparaat útrist is mei in luisterspoelprogramma. In luisterspoelprogramma ferbetteret de fersteanberheid yn û.o.. teäters dêr’t in ringleiding ynstallearre is. Nim kontakt op mei dyn gehoarspesjalist by fragen oer de geskiktheid fan it gehoarapparaat foar de T- of MT-stand, sadatst optimaal gebrûk meitsje kinst fan de ringlieding.

FOAR BESIKERS DY’T BLYN BINNE OF NET GOED SJEN KINNE

Audiodeskripsje: Wy biede by guon foarstellingen audiodeskripsje oan. Dit is in beskriuwing fan wat der op it poadium bart fia in koptelefoan.

Helphûnen: Helphûnen binne altyd wolkom op ús lokaasjes.

UNDERTITELING

Nederlânske ûndertiteling: By guon foarstellingen biede wy Nederlânske undertiteling oan. Sa binne de dialogen en de teksten goed te folgjen.

LANGUAGE NO PROBLEM

English subtitles: By gruttere foarstellingen biede wy Ingelske ûndertiteling oan fia smart glasses.

Hast noch fragen oer tagonklikheid of wolst mear ynformaasje? Nim dan gerêst kontakt op mei Hilly Kronemeijer. Wy steane klear om dy te helpen!

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado