Sneak Preview Wereldburgers van de Voorstreek
06 04 2017Op moandei 3 april joegen Ira Judkovskaja, Aukje Schaafsma, Tamara Schoppert, Nynke Heeg, Beppe Costa en Raymond muller in yndruk fan harren wurkproses foar it projekt Wereldburgers van de Voorstreek, yn in Sneak Preview op de souder fan Tryater.
De teatermakkers wurken de ôfrûne trije wiken mei it materiaal dat artistyk direkteur fan Tryater Ira Judkovskaja en LC-sjoernalist en antropolooch Kirsten van Santen sammelen op de Voorstreek, in winkelstrjitte yn Ljouwert dêr’t in protte nasjonaliteiten wenje en wurkje. Ira en Kirsten ynterviewden de winkeliers, wêrûnder Irakezen, Azerbeidzjanen, Russen, Nederlanners en Marokkanen. Ira, Aukje, Tamara, Nynke, Beppe en Raymond wurken de ferhalen wurd foar wurd út en sochten nei de muzikaliteit, de klank en it ritme yn de talen fan de wrâldboargers fan de Voorstreek.
De Sneak Preview wie in wurkpresintaasje ûnderweis nei de foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek yn 2018, ûnderdiel fan Lân fan Taal, ien fan de projekten fan LF2018.
Foto’s: Ruben van Vliet