Slagge presintaasjedei Tryater, Het Houten Huis en Peergroup
08 11 2023Op moandei 6 novimber 2023 wie alwer de tredde edysje fan de presintaasjedei foar it primêr ûnderwiis: “Een sterk staaltje jeugdtheater”. Dizze dei organisearret Tryater yn gearwurking mei Het Houten Huis en Peergroup. Dit jier wienen we te gast by Het Houten Huis yn Grins. Mei elkoar presintearren we ús jeugdteäteroanbod oan tsientallen learkrêften en fertsjinwurdigers fan kultuermenu’s. In hiel slagge dei.
Tryater presintearre û.o. de nije 4+ foarstelling Groeigraach. Dizze byldzjende foarstelling sûnder tekst spilet yn de maitiid fan 2024 en 2025. Op de presintaasjedei hienen de oanwêzigen de primeur op dizze fideo: Krukpraatsjes Groeigraach: “Wat fine beukers eins sels fan (op)groeie?”
Neist de presintaasjes fan ús jeugdfoarstellingen seizoen 2024-2025 wie der in ynspirearjende keynote fan Nadieh Graumans – Tigchelaar, docerend theatermaker: “Hoe laat je kinderen en jongeren een open, inhoudelijk gesprek voeren naar aanleiding van de theatervoorstelling die ze net gezien hebben? Leerkrachten vinden het vaak een uitdaging om open gesprekken te voeren en esthetische ervaringen in de klas te bespreken. Het idee dat ze zelf niet genoeg weten over theater zit vaak in de weg. Nadieh wist ons te inspireren dat iedere docent een waardevol en open gesprek kan voeren met de klas over wat ze gezien hebben.”
Nadieh Graumans-Tigchelaar publisearre har ûndersyk“Er liepen mieren in mijn buik” by it Lectoraat Kunsteducatie. Nei oanlieding fan dit ûndersyk ûntwurp Nadieh in nije praatmetoade, dy’t gearstald waard út de krêftichste eleminten fan de Metoade fan Barrett en it Sokratysk petear. By dit ûntwerpûndersyk waard empirysk ûndersocht oft de nije technyk geskikt is om yn groepsferbân mei bern te praten oer ferbylding, ferbining, emoasje en wrâldbyld nei oanlieding fan in foarstelling.
Doel fan it ûndersyk is it ûntwikkeljen fan in krêftige, leechdrompelige praatmetoade dy’t groepslearkrêften séls maklik ynsette kinne om learlingen n.o.f. de besite oan reseptive keunst út te daagjen op in mear persoanlik nivo oer har ûnderfining te praten.
- Nei oanlieding fan de keynote fan Nadieh Graumans – Tigchelaar:
“Elke leerkracht zou dit moeten weten.”
“Ik heb zin om dit direct in de praktijk toe te passen.”
- Op it organisearjen fan de mienskiplike presintaasjedei:
“Wat goed dat jullie als drie noordelijke gezelschappen deze samenwerking aangaan.”
“Iedereen zou moeten zien wat voor mooie voorstellingen er in het Noorden worden gemaakt.”
Hast de presintaasjedei mist of bist gewoan benijd nei ús oanbod? Klik dan hjir foar it presintaasjeboekje fan de Presintaasjedei PU seizoen 2024-2025 fan Tryater, Het Houten Huis en Peergroup.