Simmerkampanje Tryater
05 07 2021Folgje de giele line fan Tryater: wy binne klear foar it nije seizoen! Dat sizze we yn july mei in kampanje op Omrop Fryslân (online en radio) en sosjale media, in mailing nei besikers en led-skermen yn Ljouwert. De boadskip: do komst ús ek yn ’21-’22 oeral tsjin. Yn teaters en teetunen, yn stêden en doarpen, op skoallen en iisbanen. Wy spylje oeral en foar elkenien. Koartsein: Tryater. Tichtby.
Underdiel fan de kampanje is in simmerspot, dêr’tst fan de iene sêne yn de oare falst. Fan in klaaikeamer (dy’t in frachtwein blykt te wêzen) mei Mads Wittermans (‘Vader en zoon’) fia in teetún (De Prutsers – ‘Trije susters’) en in skoalplein (‘Sûkerswiet’) nei in iisbaan (‘Under Wetter’). De giele loper is dêrneist in knypeach nei ‘It gelok fan Fryslân’.
Wy tankje de spilers en lokaasjes foar har ynset en meiwurking!
~ Foto: Piet Douma