Loading...
Under Wetter Kuierferhalen
12 Maaie O/M 1 Sep’22

Under Wetter Kuierferhalen

Kuierrûtes foar it hiele gesin

Wolsto dy foarôf alfêst ûnderdompelje litte yn de tematyk fan Under Wetter? Of noch even neigenietsje fan dizze teaterfoarstelling? Op fiif plakken yn Fryslân – Berltsum, Holwert, Beetstersweach, Wergea, Wikel – kinst in Under Wetter Kuierferhalen rûte rinne. Mei help fan in app rinst in rûte dy’t begjint by in iisbaan. Underweis krijst koarte ferhalen te hearren en wurdst oan it wurk setten mei leuke opdrachten om te dwaan. De ferhalen binne skreaun troch skriuwers dy’t harren ynspirearje litten hawwe troch de foarstelling. De rûtes binne sa’n seis kilometer lang. Leuk foar mei dyn mem, pake, of mei it hiele gesin! 

Wat hast nedich?

  • mobile telefoan (mei foldwaande batterij)
  • ynternet (foar downloade rûte)
  • kuierskuon
  • earkes

TIP:
Om de ferhalen sa goed mooglik te belústerjen, riede wy oan om by de ferhalepunten even stil te stean en earkes te brûken. De rûtes binne foar it grutste part frij fan auto’s, mar hâld altyd rekken mei it ferkear.

Hoe wurket it?

  • Stap 1: Download de ‘Locatify Smart Guide-app’ troch dizze QR-code te scannen
Foar App StoreFoar Google Play
  • Stap 2: Iepenje de app.
  • Stap 3: Typ yn de sykbalke boppe-oan: ‘tryater’.
  • Stap 4: Sjochst no fiif beskikbere rûtes. Klik op in rûte.
  • Stap 5: Klik op ‘download’ en dêrnei op ‘start’.

De rûtes binne sa’n 6 km lang en sette útein en einigje by in iisbaan. Ideaal om mei in selskip fan twa of mear persoanen te kuierjen.
 

Rûte: Hoorn (Skylge) – allinnich tidens Oerol
In rûte oer smelle en brede boskpaden, troch prachtich heidegebiet, lâns strânpaviljoen Kaap Hoorn en it ‘huisje met de handschoenen’.

Dit is de fêste rûte fan Steatsboskbehear troch de Hoornerbosk. Kinst de pealtsjes mei blauwe buordsjes folgje, mar fanwege spyllokaasjes yn de bosk is der in lytse omlieding yn dizze rûte oanbrocht. Folgje dêrom goed de blauwe line yn de Locatify Smart Guide-app. Tink der om: Kinst dizze rûte net dwaan nei 20.00 oere, y.f.m. foarstellingen tidens Oerol.

Parkeare: Kinst de fyts delsette by it houten fytserek njonken iisbaan ‘Hêdredersplak’.
Startpunt: Do begjinst by it startbuordsje dat stiet by de fytserekken. Klik hjir foar de eksakste lokaasje.


Rûte: Berltsum
In rûte oer skulpepadenhiel wat brechjes, it Hemmemapark, hofke mei fruitbeammen en lâns it byld fan de Berltsumer hûntsjes. Net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: Kin oeral yn Berltsum. Hâld graach wol rekken mei de bewenners.
Startpunt: Begjinst by it startbuordsje.Klik hjir foar de eksakste lokaasje.


Rûte: Holwert
In ferhurde rûte dy’t giet troch it doarp, rjochting it byld ‘wachten op hoog water’, fierders prachtich wiid bûtengebiet. Dizze rûte kinst mei de rolstoel dwaan.

Parkeare: Kin oeral yn Holwert. Hâld graach wol rekken mei de bewenners.
Startpunt: Begjinst by it startbuordsje (by de buslus). Klik hjir foar de eksakte lokaasje.


Rûte: Beetstersweach
Foar it grutste net-ferhurde paden, lâns markes, troch bosk en lâns heide. By de start kinst yn in drûge perioade ek kieze foar it flonderpaad. Net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: Parkeerplaats Poostweg
Startpunt: Begjinst by it startbuordsje. Klik hjir foar de eksakste lokaasje.


Rûte: Wergea
In rûte dy’t begjint by de iisbaan fan Wergea, de spyllokaasje is fan de foarstelling. Rinst lâns greiden, oer brechjes en lâns it prachtige terptsjerkje fan Swichum. Net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: Kin oeral yn Wergea. Hâld graach wol rekken mei de bewenners.
Startpunt: Begjinst by it startbuordsje. Klik hjir foar de eksakte lokaasje.


Rûte: Wikel
Foar it grutste part in rûte mei hurde ûndergrûn dy’t start yn it Wikelerbosk (ek wol Van Coehoornbosk) wêrby’tst ek lâns it prachtige stedsje Sleat komst. Alinnich de start yn de bosk is net geskikt foar mei de rolstoel.

Parkeare: By de Herfoarme Tsjerke
Startpunt: Begjinst by it startbuordsje. Klik hjir foar de eksakte lokaasje.

In soad kuierwille!

Kredits

Skriuwers Jeannette Boskma, Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga, Rudi Stuve, Ydwine van der Veen, Tamara Feddema, Remco Kuiper, Wytske Wassenaar, Roelien Klandermans, Fedde Dijkstra, Iris Dicke, Janna van der Meer, Elly De Leeuw, Gertrud Palstra, Astrid van Rouendal, Jeroen Wiersma |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado