Loading...
Sûkerswiet
4+ 17 Jan O/M 18 Mrt’22

Sûkerswiet

In kleurrike smaaksoap oer it belibjen fan ultime geloksgefoelens

In kleurrike smaaksoap oer it belibjen fan ultime geloksgefoelens

Ast snobbest, is it krekt oft der in feestje oan de gong is boppe op dyn tonge. Krekt oft der fleurige lampkes yn dyn holle begjinne te brânen. Wurdst der hi ha happy fan en wa wol dat no net!?

Yn in kast op skoalle binne mear as 1.000 suertsjes fûn! Net ien mei derfan ite, want ‘snobbersguod moat fuort’. Jos en Wendy fan de ‘Dienst ter Bestrijding van Suiker’ krije de opdracht om alle bernegebitten te kontrolearjen en it gefaarlike guod út de skoalle te heljen.

SNOEP
IS
TROEP!

Mei har spesjale suertsjestofsûgers en sûkerkearende pakken gean se oan de slach. Mar Wendy is eins in enoarme swietbek. It wetter rint har om de tosken fan al dat lekkers. Wat kin der no ferkeard wêze oan ien tumtumke? In hiel lyts minymarsje? In slikje fan in lolly? Slagget it Jos en Wendy om de o sa swiete ferlieding te wjerstean?

Karlijn Kistemaker makke earder by Tryater û.o. de 4+ foarstelling Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje en de 8+ foarstelling Dit wie it waar wer

Skoallefoarstelling boeke?

Dizze foarstelling is as skoallefoarstelling te boeken en geskikt foar bern fan 4 o/m 6 jier. Kinst dyn klasse ynskriuwe en dan organisearje wy dizze prachtige edukative teaterûnderfining op dyn skoalle.

Technyske gegevens

  • Lokaasje:  speellokaal
  • Ofmjitting: speellokaal totaal: 8 x7 x 3 m. (l x b x h)
  • Fertsjustering:  winsklik
  • Spylperioade: 31 jannewaris o/m 18 maart 2022
  • Lingte foarstelling: 45 min
  • Kapasiteit foarstelling: 80 learlingen

Prizen & boeken

  • €6,50 de learling
  • €420,- de foarstelling (foardelich fan 65 learlingen ôf)
  • €715,- by twa foarstellingen op ien dei en lokaasje (foardelich fan 110 learlingen ôf)

Fragen oer boekingen?

By de beukerfoarstelling Sûkerswiet is ek prachtich lesmateriaal makke. Alle skoallen krije in snoepdoaze mei snoeplessen. Mei dizze lessen wurde de bern oan it tinken set oer de smaken fan it libben en wurde se útdage yn abstrakt tinken. Sa kinne se filosofearje mei de ‘filosofudge’, geloksskilderijen meitsje mei ‘glitterspikkels’, ferhalen betinke mei ‘storyblok’ en de toskepoetsdûns dwaan mei it lêste snoepke ‘dance-until-you-drop’.

De toskepoetsdûns

It filmke hjirûnder kinst brûke by de toskepoetsdûns.

Beukers smûze fan ‘Sûkerswiet’
Leeuwarder Courant - 26 februari 2022

Kredits

Karlijn Kistemaker
Wessel de Vries
Marjolein Ley
Eline de Vries
Calle de Hoog
Nina Thunnissen
Peter Sijbenga
Konsept en regy Karlijn Kistemaker | Ferhaal Wessel de Vries, Karlijn Kistemaker | Spul Marjolein Ley, Eline de Vries | Foarmjouwing Calle de Hoog | Muzyk Chris Koopman | Dramaturgy Nina Thunnissen | Taaladvys Peter Sijbenga | En fierder Julliette Mout (assistentie vormgeving), Sanne te Winkel (stage vormgeving) |

 

Lesmateriaal Sûkerswiet

By de beukerfoarstelling Sûkerswiet is ek prachtich lesmateriaal makke. Alle skoallen krije in snoepdoaze mei snoeplessen.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado