Rêstich en temûk in pilske drinke krijt yn’e teatrale rûte ‘’It Bieroproer’’ in nije betsjutting.
Yn in kuier troch Ljouwert wurdst meinommen yn it wierbarde en oanhâldende spul tusken de Vetkeapers út Bolsert en Ljouwert tsjinoer de Schieringers út Snits. Dizze twa koene elkoars bloed wol drinke! Mar wêrom? Nimmen wit it.
Hoe’t in ferdrach oer hannel út 1483 liede ta bargebiten. Doarsto te sizzen watst ûnearlik fynst? Ek as it dy de kop kostje kin?
Bisto loyaal oan dyn groep, wer lûksto de grins?
Komst lâns in tal bysûndere lokaasjes, mei miskien noch wol mear bysûndere ferhalen.
Gean mei en genietsje fan it (ferbeane) bierke dat yn 1487 soarge foar in fjildslach mei in soad deaden.
Bisto benijd nei hoe’t in iuwen âlde ûnderlinge striid om ‘e earste posysje liede ta in oproer? Kom sjen!
Tryater stipet Jelke & Gerwin by de kaartferkeap foar harren voorstelling