Wy fine it echt hiel spitich, mar Explore the North 2021 en dêrmei ek It gelok fan Fryslân kin net trochgean
Nei de parsekonferinsje fan de oerheid op freed 12 novimber, mei de nije coronamaatregels, sjocht Explore the North gjin mooglikheid om fan 19-21 novimber it festival te organisearjen. Dit betsjut spitigernôch dat de spesjale stedsedysje fan It gelok fan Fryslân, dy’t Tryater foar it festival makke hat, komt te ferfallen. Kinst der hjir mear oer lêze.
Wat makket ynwenners fan Fryslân en Ljouwert gelokkich? Tryater frege it oan ynwenners en ferwurke de reaksjes ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnoegje om mei oare eagen nei dysels en de stêd te sjen. Set dyn sintugen iepen en ûnderfyn wêr’t Fryslân gelokkich fan wurdt!
It gelok fan Fryslân wie yn de simmer fan 2020 en 2021 mei te meitsjen yn ferskillende Fryske doarpen. Foar Explore the North is in bysûndere stedsedysje makke wêrby’st ûnferwachte kanten fan Ljouwert ûntdekst. Bysûnder foar minsken út Ljouwert en foar elkenien fan fier dêrbûten.
Lit dy meistreame op in weach fan wurden
Audiorûte It gelok fan Fryslân (duer: circa 1 oere) kinst rinne op freed 19 novimber tusken 15.00 en 17.00 oere & op sneon 20 en snein 21 novimber tusken 14.00 en 17.00 oere. Keapje in festivalticket foar Explore the North en reservear via ‘Bestel kaarten’ op dizze side in tiidslot nei eigen kar.
It gelok fan Fryslân wie yn de simmer fan 2020 en 2021 te belibjen yn ferskillende Fryske doarpen:
Marsum | Harkje hjir nei in stikje fan it Marsumer geloksgedicht |
Jorwert | Harkje hjir nei in stikje fan it Jorwerter geloksgedicht |
Koarnjum | Harkje hjir nei in stikje fan it Koarnjummer geloksgedicht |
Feanwâlden | Harkje hjir nei in stikje fan it Feanwâldster geloksgedicht |
Wommels | Harkje hjir nei in stikje fan it Wommelser geloksgedicht |
Eastermar | Harkje hjir nei in stikje fan it Eastermarder geloksgedicht |
Wikel | Harkje hjir nei in stikje fan it Wikeler geloksgedicht |
Winaam | Harkje hjir nei in stikje fan it Winamer geloksgedicht |
Reduzum | Harkje hjir nei in stikje fan it Reduzumer geloksgedicht |
Kollum | Harkje hjir nei in stikje fan it Kollumer geloksgedicht |
Sa wurket it
Krigest fan ús by de start in telefoan wêrmeist de rûte rinne kinst. Wy soargje derfoar dat alles goed wurket foardatst op paad giest. Oan ‘e ein fan ‘e tocht leverst de telefoan wer by ús yn.
Rinst de tocht individueel. Om de twa minuten start de folgjende dielnimmer. Komst mei syn twaën of mear, keapje dan kaarten foar deselde starttiid. Rinst dan noch hieltyd individueel maar wol flak foar of nei elkoar.
Foar in besyk oan It gelok fan Fryslân hast in coronatagongsbewiis nedich.
Nimst sels in koptelefoan of earkes mei?
foar it gefal datst dy net hast, ha wy in pear koptelefoans te lien
Alles op
een rijtje
- Per startgroep binne der maksimaal 10 dielnimmers
- Keapje in Explore the North festivalticket en reservear fia ‘Bestel kaarten’ op dizze webside in tiidslot nei eigen kar
- Foar in besyk oan It gelok fan Fryslân hast in coronatagongsbewiis nedich.
- De kuiertocht duorret ûngefear in oere. Mei ynstruksje foarôf en neipraten achterôf bist ûngefear 1,5 oere ûnderweis.
- Der binne gjin toiletten, net by start en finish en ek net ûnderweis